Stasjon Roodeschool (1893)

Ut Wikipedy
Stasjon Roodeschool
Station Roodeschool
Stasjon Roodeschool (2016)
Stasjon Roodeschool (2016)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
plak Roodeschool
adres Stationsstraat
arsjitektuer
stasjonskoade Rd
type GLS 2e klasse
iepening 16 augustus 1893
sluting 4 jannewaris 2018
boujier 1893 stasjonsgebou
1974 abry
sloopjier 1973 stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 1
spoarline Hegelânspoar
Stasjon Roodeschool (1970)
Stasjon Roodeschool (1970)
kaart
Stasjon Roodeschool (Grinslân)
Stasjon Roodeschool

It eardere Stasjon Roodeschool (Rd) wie in spoarweistasjon yn it doarp Roodeschool yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool en wie it meast noardlike stasjon fan Nederlân. It stasjon waard op 4 jannewaris 2018 sletten en ferfongen troch in nij stasjon fanwegen oanpassingen oan it spoar dat trochlutsen waard nei stasjon Iemshaven.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike spoarweistasjon fan Roodeschool wie in Standerttype GLS 2e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de trije stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich leech rjochthoekig gebou mei allinne de needsaaklike stasjonsfoarsjinningen. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. De abry en fytsestalling en it perron waarden yn 2018 ôfbrútsen. Achter it eardere stasjon leit in laadplak foar ierdgaskondensaat fan Noordgastransport. Hjir wurdt it by de bewurking fan ierdgas ûntstiene kondinsaat yn tankweinen oerladen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL