Springe nei ynhâld

Oerlis:Roodeschool

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Roodeschool of Readeskoalle?

[boarne bewurkje]

Sels sis ik altyd Readeskoalle, dat is de namme dy't de minsken yn myn omjouwing brûke. Hjir op 'e Wikipedy wurdt de Nederlânske namme Roodeschool brûkt, mar op Wikipedy:Nammen yn Grinslân sjoch ik de foarm Reaskoalle.

Ik freegje my ôf hoe it no krekt sit. Is Readeskoalle ferkeard? Is Reaskoalle (in foarm dy't ik earder nearne sjoen ha) goed? Of moatte wy yn it Frysk dochs de Nederlânske foarm oanhâlde, sa as no it gefal is? Dat lêste soe ik wat frjemd fine, wy sizze ommers ek Grins, Swol, Parys en Berlyn. PDZ124169 (oerlis) 18 jun 2020, 12.37 (CEST)[beäntwurdzje]

OsmAnd, de op OSM basearre navigaasje-app dy't ik op myn tablet brûk en dy't ik op de wurktaal Frysk ynsteld haw, hat it oer Roodeschool. Myn heit, hikke en tein yn Idaerderadiel, dy't der foar syn wurk in inkelde kear wêze moast, hie it altyd oer Readeskoalle. De staveringshifker wol mei alle trije farianten neat te krijen hawwe. Op dkvt.nl fine jin twa kear Readeskoalle (yn stikjes út 2010 en 2018) en nul kear Reaskoalle. Google Books fynt ien publikaasje út 1937 mei Reaskoalle (kepp) en ferwiist foar Readeskoalle allinnich nei de side fan It Nijs, wêr't immen dy namme ien kear yn in kommentaar neamt (kepp). Wutsje 18 jun 2020, 17.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Oars as Grins, Berlyn en Parys is Rea(de)skoalle net ynboargere. Ik bin foar Roodeschool. En sydlings: ik ha noch nea ien moete dy't Swol foar Zwolle sei. Hawar, lit dat lêste mar gewurde. Drewes (oerlis) 18 jun 2020, 18.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Foar safier't jin dit moete neame kinne, bin ik wat Swol oanbelanget dan de earste (by ús thús wie dat de wenstige namme, net oars as Dimter en Wynskoat). Roodeschool fyn ik ek better, om't de beide oare farianten sa te sjen sawat net brûkt wurde. Wutsje 18 jun 2020, 21.08 (CEST)[beäntwurdzje]
...en Dimter en Wynskoat hie ik ek nea fan heard foar't ik meidogger fan fy: waard. Drewes (oerlis) 18 jun 2020, 21.37 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik ha de beide neamde farianten der yn it artikel ris as synonimen by set. Sa steane se net ien yn it paad. Ik bin it mei Drewes iens dat we it fierder better by Roodeschool hâlde kinne. Dat bestjut net, PDZ124169, dat jo dan net mear fan Readeskoalle sizze meie. De Wikipedy hat gjin inkele pretinsje om foarskriuwe te wollen hokker toponimen Friezen yn har sprektaal brûke meie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 jun 2020, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Tankewol allegear foar it útlizzen. It makket my fierder neat út, mar ik wie wol benijd nei hoe't it no eins siet. @Drewes ik sis sels (tegearre mei de minsken yn myn omkriten) altyd Swol, mar hast gelyk dat Swolle/Zwolle (faak wol mei in S) tsjintwurdich mear brûkt wurdt. Miskien hie ik in better foarbyld kieze moatten... PDZ124169 (oerlis) 21 jun 2020, 09.43 (CEST)[beäntwurdzje]

PDZ124169, sjoch yn dit ferbân ek hjir (kaam earjuster hjir boppe driuwen). Wutsje 21 jun 2020, 16.35 (CEST)[beäntwurdzje]