Oerlis:Júst
List fan Waadeilannen
[boarne bewurkje]Dat berjocht mei dat oersjoch jout gjin oersjoch fan Júst, mar fan Waadeilannen. Sa'n oersjoch is dêrom te plak op de side waadeilân, dêr't alle waadeilânsiden op de ien of oare wize mei keppele wêze sille, op in aparte List fan waadeilannen en as of de Kategory:Waadeilân.
Sa'n oersjoch hie in doel op de side Júst at wy tochten dat in protte minsken dy side brûke soenen om de keppeling nei bygelyks Skylge te finen. Ik nim lykwols oan dat at immen wier dat paad gean wol, dy by steat wêze sil de keppeling nei it algemiene, Waadeilân te gean, en fan dêr wer nei it bysûndere, Skylge. Aliter 22.08, 5 okt 2006 (CEST)
Listberjochten
[boarne bewurkje]Aliter,
Neffens dy binne de Ingelske, Nederlânske en Dútske wikipedy dan net korrekt. Alle wikipedys brûke listberjochten foar de waadeilannen. útsein de Fryske wikipedy, it fernúvert my datsto de listberjochten fuorthellest. In listberjocht hat ta doel, in better oersjoch. En de wikipedy side sjocht der sa ek noch better út.
It is oan dy, ik sil it der net mear op sette.
Kening Aldgilles 7:40 (UTC)
Fryske namme
[boarne bewurkje]Yn it ferline is der in kear in Ynterfryske dikekaart makke. Dit eilân waard as De Jist oanjûn. Wat fine jim fan dizze namme? Groetnis --Kening Aldgilles (oerlis) 19 jun 2020, 08.23 (CEST)
- Om my kinne we itselde dwaan as by Roodeschool, dat De Jist as Fryske fariant taheakje, mar net yn't plak fan Júst, útreden dat er net ynboargere is. Drewes (oerlis) 19 jun 2020, 17.38 (CEST)
- Ik hie noch nea fan de namme De Jist heard, mar fia Delpher komme jin dy wol tsjin (oan de gammele sykmasine fan De Krant van Toen hawwe jin hjir wer ris neat).
- De Ljouwerter, 1 septimber 1956 (kepp): [In Tsjipke Vonk fan Wierum] spreekt van (...) "de Jist" (Juist) (...)
- De Ljouwerter, 20 septimber 1958 (kepp): Men kin ek mei de âlde Noardséfiskers fan Wierum, Peazens en 't Moddergat prate fan Boarkum en de Jist.
- De Ljouwerter, 5 maaie 1972 (kepp), yn in stikje oer de:Otto Leege, vader van Memmert: "de Jist", zeiden onze Dongeradeelster Noordzeevissers
- De Ljouwerter, 5 novimber 1982 (kepp): [De âlde Fryske fiskerlju benammen fan Wierum, Peazens en it Moddergat] prate ek fan Boarkum foar Borkum en Nordenij foar Nordernij, fan de Jist (Juist) en it Heiligelân (Helgoland). Dit artikel giet oars spesjaal oer Fryske nammen foar toponimen bûten Fryslân en it is aardich om te lêzen, ek al yn ferbân mei Dimter, dat tafallich juster te praat kaam, sjoch de Roodeschool-keppeling dy't Drewes hjirboppe jout (noait witten dat foarhinne foar Urk wol Oark brûkt waard).
- Fia Google Books fine jin de namme ek noch yn It Beaken (1944, kepp), mar it is net wis of dat artikel wol oer dizze De Jist giet, want jin meie der nei sjen, mar jin meie it net lêze.
- Geef Frysk is De Jist dus grif wol, mar dat it no noch brûkt wurdt, nee, dat liket my net. Ik slút my by Drewes oan. Wutsje 19 jun 2020, 19.38 (CEST)
- Ik hie noch nea fan de namme De Jist heard, mar fia Delpher komme jin dy wol tsjin (oan de gammele sykmasine fan De Krant van Toen hawwe jin hjir wer ris neat).