Springe nei ynhâld

Tjaardastate (Rinsumageast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tjaarda State)
Tjaardastate, J. Stellingwerf (1723)
Tjaardastate, Sjoerd Bonga (1834)
Tjaardastate, Jan Bulthuis (18e iuw)

Tjaardastate, ek Tjaerdastate is in eardere stins fan Rinsumageast yn de gemeente Dantumadiel De state waard yn de rin fan de tiid tige grut, úteinlik hie it twa sealen en tweintich keamers. It hie in slotgrêft en ferskate kelders en souders. De hiele stins wie mei wyt moarmeren stien fluorre. De state hie ek in toer mei in klok, in poarte, hynstestâlen en in koetshûs. Al yn 1242 wurdt de state neamd, as dy bewenne wurdt troch Botte fan de Geast.

Yn de earste helte fan de 15e iuw wurdt Sydachus of Syds Thiarda as eigener neamd. Dy wie yn 1423 grytman fan Dantumadiel en hie noch oare funksjes. Syn soan Werp erfde letter de stins. In jongere broer, Barthold, krige yn 1452 de stins Sterkenburg yn Sibrandahûs. Dy syn neisieten neamden har letter Tjaerda/Tjarda fan Starkenborgh en fêstigen har yn de Grinslanner Ommelannen.

Werp (of Worp) hie faak spul mei syn buorman Wopke Juwsma. Yn 1465 lit hy Wopke fermoardzje en yn 1466 dy syn soan Popke. Worp hat syn fermoarde buorlju net lang oerlibbe. Syn widdo wertroude mei Aede Jongema út Boazum, wylst syn lykneamde neef fan Raerd troud wie mei Hack Eysinga fan de oanbuorjende Eysingastate. Dat om 1470 ferskynden dêr twa manlju út ien laach út in oar diel fan Fryslân. De Rauwerder Jongema skynt frijwat in rûchhouwer west te hawwen, wylst fan syn neef in soad goeds skreaun wurdt. De Jongema fan Boazum wie ien fan de rjochters fan Eastergoa, mar doe’t hy yn 1474 yn Dokkum tahâlde, waard hy dêr fermoarde. Hy soe syn wylde neef de hân boppe de holle holden hawwe. Aede Keimpes Jongema die as wraak in ferrassingsoanfal op Dokkum en ferovere dy. In oantal boargers fan Dokkum waard boeid meinomd en finzen setten yn De Geast.

De dochter fan Werp Tjaerda erft dan de State. Hja troude mei Syds Bottinga en neidat dy ferstoarn wie mei Schelte Scheltinga, dy't grytman fan Kollumerlân, Achtkarspelen en Dantumadiel wie. Yn 1515 feroveren de Geldersken de State en it doarp, en it jier letter baarnden de Boergonjers it hiele doarp plat, mar de state bleau oerein stean. Syn enoarme testamint is bewarre bleaun en dêryn stiet te lêzen dat Schelte, ien fan syn acht bern, dy't troud wie mei His fan Hermana, de state erve.

Se krigen tegearre in soan, Syds fan Tjaerda, dy't dêrnei de state bewenne. Syds' dochter Margareta fan Tjaerda erve dêrnei de state. Hja troude mei Ruurt fan Juckema, dy't ek Camminghaburch by Ljouwert en Sjaerdemaslot en Camminghahûs te Frjentsjer besieten. Hy wie tige ryk en kocht ek noch Orxmastate yn Menaam. Margaretha en Ruurt krigen twa dochters, dy't beide mei in Camstra trouden. De state bliiuwt dêrnei yn de famylje.

Yn 1834 waard de state op ôfbraak ferkocht. Tsjintwurdich is der neat mear fan de state werom te finen.

List fan eigeners fan de Tjaardastate

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Brûker
1242 Botte fan de Geast
15e iuw Sydachus Tjaerda
15e iuw Werp Tjaerda
15e iuw Aede Jongema
15e iuw Syds Bottinga
15e iuw Schelte Tjaerda-Scheltinga
15e iuw Syds fan Tjaerda
15e iuw Schelte fan Tjaerda
± 1600 Syds fan Tjaerda
Foar 1650 Margaretha fan Tjaerda en Ruurt fan Juckema
1650 Margaretha vf
1665 Tjalling van Camstra
Ael fan Juckema en Goffe fan Camstra
1723 Lucia Andriesa fan Camstra en Minne Frans fan Burmania
18e iuw Gerrit fan Cammingha
18e iuw Susanna Barbara, en Tjalling fan Asbeck
18e en 19e iuw Everarda fan Asbeck en Johannes Theodoor Franciscus de Rotte
1810 Maurits Galictus Franciscus Johannes de Rotte

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp
  • Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992