Springe nei ynhâld

Kammingaburch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Camminghaburch)
Rienck fan Cammingha 1552
Camminghaburch 1742, Cornelis Pronk
Camminghaburch 1750, Sjoerd Bonga

Cammingaburch wie in stins noardeast fan de stêd Ljouwert.

It slot wurdt foar it earst neamd yn de 14e iuw. Yn it jier 1200 wurde de Kamminga's al neamd en se wienen destiids de machtichste famylje fan Ljouwert. In soad strjit- en wyknammen bringe harren namme yn it ûnthâld. De Kamminghaburch stie wat ten westen fan it tsjintwurdige Kambuerplein. It kastiel hie in dûbele omgrêfting en in fersterke foarpoarte en lei binnen noch oare ferdigeningswurken. Begjin 14e iuw wurdt it slot bewenne troch in Regnerus Cammingha en yn 1398 troch Gerrit Cammingha. Gerrit wie bûnsmaat fan Albrecht fan Beieren, greve fan Hollân. Troch syn bûnsgenoatskip hie hy op syn stins in Hollânske besetting, wêrtroch't hy de lilkens fan it folk op syn hals helle. It kastiel waard belegere en nei de ynname waard de besetting diels deamakke en op de flecht dreaun.

Om 1500 hinne wie it in ûnrêstige tiid yn Fryslân en waard it slot ferwoaste, mar yn 1510 waard it wer opboud troch Wytze fan Cammingha en syn frou Rints fan Minnema. Mei de dea fan Gerrolt Cammingha yn 1589 stjert de famylje yn manlike line út. Syn dochter Edwert bewennet nei 1589 it slot mei har man Ruurt fan Juckema. Nei besit west te hawwen fan de famylje Juckema, giet it kastiel troch fererving oer yn hannen fan de Burmania's en letter de famylje Rengers op Epemastate te Ysbrechtum.

Tsjin de ein fan de 18e iuw is it kastiel net mear partikulier bewenne, mar wurdt it in tiidlang brûkt as finzenis. Yn 1785 jout Deputearre Steaten opdracht om de Camminghaburch bûten Ljouwert as krûdmagazyn yn te rjochten: it waard brûkt as ammunysje- of túchhûs. Op it lêst waard it slot yn 1810 mei kapel en bygebouwen sloopt.

Fan de Camminghaburch binne meardere ôfbylden bewarre bleaun. De âldste ôfbylding fan it slot is út 1552. It oanbelanget in portret fan de destiidske bewenner Rienk fan Cammingha, dat skildere waard troch Adriaan fan Cronenburgh. Dêrop is de stins yn in romantysk lânskip werjûn. It kastiel stiet op in omgrêfte terrein, dat berikt wurde koe troch in mânsk poartegebou mei in sealdak tusken tútgevels. De boarcht sels bestie út twa fleugels, dy't let-midsiuwske foarmen hienen, en yn de midden in soarte toer mei sealdak, dat mooglik it restant fan in stins west is.

De iene fleugel hie twa boulagen mei op de hoeke in lytse arkeltoer, wylst de oare mar ien boulaach hie. Dizze twadde fleugel wie trouwens net folle leger as de oare fleugel, omdat hjir in seal mei grutte ramen wie. Heaks op de twadde fleugel stie in los skuorreeftich elemint mei in grut sealdak tusken topgevels en in trepgevel boppe ien fan de groutte doarren. Ek is der noch in ôfbyld bewarre bleaun, dy't de situaasje yn 1750 werjout. Dêrop is te sjen dat in gebou in treptop krigen hat en ûnder in geanderij op pylders mei rûnbôgen hat. De skuorre dwers op it gebou is dan wuls ferdwûn.

  • 1200 famylje Cammingha
  • Begjin 14e iuw Regnerus Cammingha
  • 1398 Gerrit Cammingha
  • ± 1510 Wytze fan Cammingha, troud mei Rints fan Minnema
  • Minne fan Cammingha
  • 1589 Gerrolt Cammingha
  • 1589 Edwert Cammingha, troud mei Ruurt fan Juckema
  • famyje Juckema
  • famylje Burmania
  • famylje Rengers
  • ein 18e iuw finzenis/ammunysje- of túchhûs

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: