Cornelis Pronk
Cornelis Pronk (Amsterdam, 1691 - Amsterdam, 1759) wie in Nederlânsk tekener en (miniatuer)skilder.
Cornelis Pronk waard yn 1691 berne as soan fan in menniste nôtkeapman. Neidat er in jier of wat foar syn heit wurke hie gie Pronk, nei advys fan keunstkenner Lambert ten Kate Hermansz yn de lear by Jan van Houten en portretskilder Arnold Boonen. Pronk is benammen bekend wurden troch opmerklike sekuere topografyske tekenings út de earste helte fan de 18e iuw, wêrmei't hy in nije tekenskoalle ynliede. Hy hie learlingen lykas Abraham de Haen, Paulus van Liender en Jan de Beijer en makke yn syn earste perioade in soad tekeningen yn opdracht fan Andries Schoemaker, in lekkenkeapman en amateur-histoarikus wêrmei't hy troch Noard-Hollân, Gelderlân, Oerisel, Drinte en Fryslân luts. Yn Fryslân reizge er ûnder oare yn 1732, 1742 en 1754. Hy wie ek ien fan de wichtichste leveransiers fan de gravueres yn Het Verheerlijkt Nederland, publisearre yn de perioade 1745-1774, fan de útjouwer Isaak Tirion. Troch de reizen en it dêrút fuortkommend topografyske wurk fan Pronk c.s. is tsjintwurdich al ferdwûn erfgoed út de 18e iuw noch bekend. Cornelis Pronk hat dêrneist ek noch in tiid lang ûntwerpen foar Chinoiserie servizen makke.
It Frysk Museum hat in 25-tal pinne-, potlead- en wosken tekeningen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sint-Lambertustsjerke yn Kerk-Avezaath, 1732
-
Kammingaburch by Ljouwert, 1742
-
Hûs Akerendam yn Beverwyk, 1756
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Verheerlykt Nederland of Kabinet van hedendaagsche gezigten.
- Gevers, Jhr. A.J. en Mensema, A.J. Over de Hobbelde Bobbelde Heijde, Andries Schoemaker, Cornelis Pronk en Abraham de Haen op reis door Overijssel, Drenthe en Friesland in 1732. Canaletto, Alfen oan de Ryn, 1985.
- Kasteleyn, L. 'Een Pronkende Haen', yn Bulletin van het Rijksmuseum, Jiergong 44, 1996, nr 2. Amsterdam, 1996.
- Kooijmans, L. Pronk met Pen en Penseel : Cornelis Pronk (1691–1759) tekent Noord-Holland. De Bataafsche Leeuw, Amsterdam, 1997
- Scheltema, H.G. Heerde rond 1730; Andries Schoemaker en de tekeningen van Cornelis Pronk en Abraham de Haen, in Heerde Historisch, Septimber 2003, nr.108.
- Scheltema, H.G. 'Gezigten van Den Haag, Enkele aspecten van een serie schetsen van Cornelis Pronk uit 1741-1742'. in Delineavit et Sculpsit nr 29 (Desimber 2005). De Haach 2005.
- Scheltema, H.G. 'Pronk, Bentinck en Trembley', schetsen uit achttiende-eeuws Den Haag'. yn Jaarboek Die Haghe. De Haach 2005.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cornelis Pronk fan Wikimedia Commons. |