Epemastate

Ut Wikipedy
Epemastate
bouwurk
lokaasje
plak Ysbrechtum
adres Epemawei 8
bysûnderheden
boujier 1625
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 515190
oare ynformaasje
tal ferdjippings 2

Epemastate is in state yn Ysbrechtum, datearjend fan 1625.

Yn 1651 komt de state yn besit fan Doeke Martena fan Burmania, grytman fan Wymbritseradiel. De state is sûnt dy tiid hieltyd yn de famylje bleaun, letter troch trouwen fan dochters yn de famylje Van Welderen Rengers, Van Harinxma too Slooten oant de barones van Harinxma thoe Slooten, har man jonkhear Cornelis van Eysinga en, sûnt 2006, jonkhear Tjalling van Eysinga ta.

It gebou is tal fan kearen ferboud. Under oare yn 1825 en yn 1894 doe't it gebou fan binnen en bûten yn neorenêssânse styl ferboud is, dêrby binne in bulte oarspronklike eleminten ferdwûn.

De tún om it hûs waard yn 1825 troch Lucas Pieters Roodbaard omboud ta in park yn de Ingelske lânskipsstyl. Oan 'e ein fan de 19e iuw is it park op in tal plakken feroare. Nei 1990 is it park wer safolle mooglik werombrocht nei it ûntwerp fan Roodbaard.

Alle tiisdeis wurdt yn de moanne augustus in rûnlieding fersoarge troch de state. De state is in troulokaasje en de keamers fan boppeste ferjipping kinne hierd wurde.

Yn oktober 2021 waard buorkundich makke dat Tjalling van Eysinga Epemastate te keap set hat mei it each op it behâld yn de takomst.[1] Ier yn 2022 waard se state kocht troch de Stichting Stinze-Stiens. dy't it stypjen en behâld fan histoarysk wichtige gebouwen, parken en tunen as doel hat. [2]

Epemastate hat nei 1651 trettjin generaasjes, yn 375 jier, yn hannen fan de Van Burmania's, de Rengers en de famylje Eysinga-Van Harinxma thoe Slooten west.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante, 15 oktober 2021
  2. Stichting koopt Epemastate in Ysbrechtum; Frysk Deiblêd, 17 febrewaris 2022, s. 13