Romaanske talen
De Romaanske talen foarmje de Súd-Jeropeeske tûke fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Tsjintwurdich wurde dizze talen troch emigraasje en kolonisaasje lykwols ek sprutsen yn in protte oare parten fan de wrâld, benammen Latynsk-Amearika.
Oarsprong en ûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Romaanske talen binne de ienige noch libjende tûke fan de Italyske talen en stamje allegearre ôf fan it Latyn, de taal fan de Romeinen, dy't troch de Romeinske ekspânsje ferspriede rekke oer in grut part fan Jeropa en dat yn it westlike diel fan it Romeinske Ryk de algemiene fiertaal waard.
Hjirby moat de kanttekening makke wurde dat de Romaanske talen net streekrjocht fan it bekende Klassike Latyn ôfstamme mar fan it Fulgêr Latyn (Folkslatyn), de sprutsen foarm fan it Latyn út de âldheid. It Fulgêr Latyn foarme gjin ienheid en moat beskôge wurde as in grutte groep dialekten. Yn de rin fan de tiid waarden de ferskillen tusken dizze dialekten hieltyd grutter en it ûnderlinge fersteanberens hieltyd lytser, sadat fan om-ende-by 800 ôf sprake is fan aparte talen. De ferskillen tusken de Romaanske talen en it Latyn wurde foar in part taskreaun oan de ynfloed fan substraattalen, de talen fan troch Romeinen ûnderwurpen folken.
Taal- en kultuurgebiet yn Jeropa[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Romaansk taal- en kultuergebiet yn Jeropa hat him konsintrearre rûn de westlike Middellânske See (Frankryk, Itaalje, Portegal en Spanje). Mar ek yn lannen as Belgje, Lúksemboarch, Roemeenje, Moldaavje en Switserlân wurde Romaanske talen sprutsen. Dizze gebieten wienen fanâlds ek Romeinsk. Utsein Roemeenje en Moldaavje is de oerhearskende godstsjinst yn dizze lannen it Roomsk-katolike leauwen.
Italo-Westlike talen: Westlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gallo-Iberysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gallo-Romaansk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Gallo-Rhaetysk
- Langue d'oïl
- Langues d'oïl
- Waalsk
- Pikardysk
- Gallo
- Franceis/François mei it Frânsk ("français") as standertfoarm
- Champenois
- Boergondysk
- Lotarings
- Poitevin
- Saintongais
- franc-comtois
- Normandysk
- Jèrriais
- Dgèrnésiais
- Anglo-Normandysk (útstoarn) Noat: It Anglo-Normandysk hat in tige grutte ynfloed hân op it Aldingelsk, dêr't it moderne Ingelsk no in leksikon troch hat mei foar de helte Romaanske wurden. Dêrmei is it de meast romanisearre Germaanske taal.
- Langue d'Oc
- Provençaalsk
- Gasconsk
- Languedocien (yn inge sin)
- Limousynsk
- Fivaro-alpin
- Auvergnat
- Francoprovençal
- Langue d'Oc
Romaansk-Ibearysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- West-Ibearysk
- Kastyljaansk
- Spaansk (Kastyljaansk)
- Sefardysk (Judeo-Spaansk)
- Ekstremaduriaansk
- Portugeesk-Galisysk
- Portugeesk
- Galisysk
- Falaansk of Fala (sprutsen yn it noardwestlike part fan it Spaanske Ekstremadoera)
- East-Ibearysk
Pyreneeske-Mozarabyske groep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pyrenese[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mozarabysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Mozarabysk (útstoarn yn de 15e iuw)
Italo-Westlike Talen: Italo-Dalmatysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Italjaansk
- Napolitaansk
- Dalmatysk (útstoarn)
- Istriotysk
- Sisyljaansk
Italo-Westlike Talen: Sudlike[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Korsikaansk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sardynsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eastlik Romaanske talen: Eastlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Roemeensk
- Moglená-Roemeensk, Meglena-Roemeensk
- Aroemeensk
- Istro-Roemeensk
Fergeliking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
LATYN[1] | FRANSK | ITALIAANSK | KATALAANSK | PORTEGEESK | ROEMEENSK | SPAANSK | PERISKAANSK | FRYSK |
aquam | eau | acqua | aigua | agua | apă | agua | alqua | wetter |
bonum | bon | buono | bon | bom | bun | bueno | bùn | goed |
decem | dix | dieci | deu | dez | zece[2] | diez | dez | tsien |
ego | je | io | jo | eu | eu | yo | jío | ik |
homo | homme | uomo | home | homem | om | hombre | umbre | man |
horam | heure | ora | hora | hora | oră | hora | hùra | oere |
solem | soleil | sole | sol | sol | soare | sol | sol | sinne |
Noaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- ↑ Fan de Latyske wurden, útsein ego, is de akkusativus jûn, omdat hjirfan de Romaanske foarmen ôflaat binne.
- ↑ Eartiids (foar de Twadde Wrâldkriich noch) "dece" ipv zece