Westromaanske talen
Westromaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Súd, Súdwest- en West-Jeropa, Latynsk-Amearika, dielen fan Noard-Amearika en Afrika | |
tal talen | 12 oant 52 | |
tal sprekkers | ±795 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Westromaansk | |
subgroepen | ● Britsk-Romaansk † ● Gallo-Romaanske talen ● Ibearo-Romaanske talen |
De Westromaanske talen foarmje (mei de Eastromaanske talen) yn 'e measte klassifikaasjes ien fan 'e beide grutte taalgroepen binnen de Romaanske taalfamylje. Dizze opdieling fan 'e Romaanske talen is basearre op 'e La Spezia-Rimini-line, dy't dwers oer it Italjaansk Skiereilân rint en dêrmei midstwa snijt wat troch leken ornaris as it taalgebiet fan it Italjaansk beskôge wurdt. De Westromaanske taalgroep is opboud út twa lytsere groepen: de Gallo-Romaanske talen yn Noardwest-Jeropa en noardlik Itaalje en de Ibearo-Romaanske talen op it Ibearysk Skiereilân. Dêrnjonken wurde de Westromaanske talen no ek sprutsen yn oare dielen fan 'e wrâld, yn 't bysûnder Latynsk-Amearika en Kebek en (almeast as twadde taal) yn Afrika. Anno 2017 hiene de likernôch 52 Westromaanske talen mei-inoar sa'n 795 miljoen sprekkers. De grutste Westromaanske talen binne it Spaansk, it Portegeesk en it Frânsk.
Romaanske yndielingskontroverse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferdieling fan 'e Romaanske talen yn 'e Westromaanske talen en de Eastromaanske talen is de gongberste taalkundige yndieling. De grins tusken de beide groepen is dêrby de La Spezia-Rimini-line, dy't dwers oer it Italjaansk Skiereilân rint. De Gallo-Italyske talen fan noardlik Itaalje, dy't troch leken en troch in protte Italjanen ornaris foar dialekten fan it Italjaansk oansjoen wurde, komme yn dizze yndieling by de Westromaanske groep te hearren, wylst de Italjaanske standerttaal (dy't fierhinne op basis fan it Toskaansk gearstald is) en de dialekten en talen fan sintraal en súdlik Itaalje by de Eastromaanske groep yndield wurde. Poer taalkundich sjoen doocht dy yndieling om't er ûnderboud is mei solide taalskaaimerken, spesifyk it gebrûk fan -s foar it foarmjen fan meartalsfoarmen en de ôfswakking fan beskate konsonanten.
Guon taalkundigen akseptearje dit lykwols net om't der gruttere leksikale oerienkomsten besteane tusken alle foarmen fan it Italjaansk en it Frânsk, as tusken it Frânsk en it Spaansk, wylst der ek mear morfologyske oerienkomsten besteane tusken alle foarmen fan it Italjaansk en it Spaansk as tusken it Spaansk en it Frânsk. Dêrby komt noch dat taalkundige kritearia yn dizze kwestje faak oantaast wurde troch politike omtinkens dy't eins neat mei taalkunde te krijen hawwe. Om't guon lju de Gallo-Italyske talen fan noardlik Itaalje beslist as Italjaanske dialekten sjen wolle, is in alternative yndieling gearstald, wêrby't de Italo-Dalmatyske talen, dy't eins mei de Balkanromaanske talen de Eastromaanske groep foarmje, oan 'e Westromaanske talen keppele wurde. De dêrtroch ûntstien taalgroep wurdt dan oantsjut as de Italo-Westlike talen.
It Sardysk fan Sardynje past noch yn 'e Westromaanske, noch yn 'e Eastromaanske groep, en wurdt dêrom ornaris apart set as in selsstannige Súdromaanske taalgroep. It troch de Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje yn 'e Iere Midsiuwen útstoarne Britsk-Romaansk heart wer wol by de Westromaanske talen, en foarmet in trêde haadgroep njonken it Gallo-Romaansk en it Ibearo-Romaansk.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e Westromaanske talen leit yn it suden fan Noardwest-Jeropa, op it Ibearysk Skiereilân en de Baleären, en yn noardlik Itaalje en de súdlike Alpen. Sûnt de sechstjinde iuw binne guon Westromaanske talen, benammen it Spaansk, Portegeesk en Frânsk, oer oare dielen fan 'e wrâld ferspraat troch kolonialisme en emigraasje. Yn it foarste plak giet it dêrby om Latynsk-Amearika, dêr't it grutste lân, Brazylje, Portegeesktalich is, wylst yn njoggentjin oare lannen en territoaria Spaansk sprutsen wurdt.
It Frânsk wurdt bûten Jeropa as memmetaal fral sprutsen yn 'e provinsje Kebek en oare dielen fan Kanada, hoewol't it krekt as it Spaansk ek yn dielen fan 'e Feriene Steaten in protte sprekkers hat. Yn Afrika is it Frânsk yn 19 lannen de iennichste of ien fan 'e offisjele talen en jildt datselde foar it Portegeesk yn 5 lannen en foar it Spaansk yn Ekwatoriaal Guinee, mar yn al dy lannen bestiet mar in tige lyts diel fan 'e befolking út memmetaalsprekkers fan dy talen. Dat is krekt-en-gelyk foar it Portegeesk yn East-Timor en foar it Frânsk yn Haïty. Nettsjinsteande dat libbet anno 2020 sa'n twatrêde part fan alle memmetaalsprekkers fan 'e Romaanske talen bûten Jeropa.
Sprekkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 wiene der likernôch 795 miljoen minsken op 'e wrâld dy't as memmetaal in Westromaanske taal sprieken. Dêropta hawwe guon fan dy talen in protte twadde-taalsprekkers fanwegen gebrûk as lingua franca tusken leden fan ûnderskate etnyske groepen dy't ferskillende lânseigen memmetalen hawwe. Dat lêste jildt benammen foar it Frânsk yn grutte dielen fan West- en Sintraal-Afrika en yn mindere mjitte yn 'e Magreb. De meast sprutsen Romaanske talen binne it Spaansk (mei 480 miljoen memmetaalsprekkers), it Portegeesk (220 miljoen), Frânsk (77 miljoen) en it Katalaansk (7,2 miljoen). Ferskate hjoeddeistige Westromaanske minderheidstalen steane der min foar, lykas it Oksitaansk en it Franko-Provansaalsk yn Frankryk.
Underferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoefolle Westromaanske talen der eins binne, dêr ferskille de mienings oer. It striidpunt is dêrby de fraach wêr't men de (subjektive) grins leit tusken in taal en in dialekt. Guon taalkundigen telle mar 12 talen, wylst in folsleinere list wol 52 talen omfettet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |