Springe nei ynhâld

Afrika (Romeinske provinsje)

Ut Wikipedy
It Romeinske Ryk sa om 125 nei Kristus hinne, de provinsje Afrika yn it read

Afrika wie in provinsje fan it Romeinske Ryk. Yn it lettere Romeinske Ryk (fan keizer Diokletianus ôf) wie der ek in diocese Afrika, in grutter bestjoerlike ienheid dy't fiif provinsjes omfieme, dêr't de provinsje Afrika in part fan wie. De provinsje Afrika bestie rûchwei út Noard-Tuneezje en de Middellânske Seekust yn it westen fan it tsjintwurdige Lybje oant Tripoly.

De stêd Kartago dy't yn 146 f.Kr. troch de Romeinen ferwoaste wie, lei yn dizze provinsje en der wienen ek in oantal oare grutte stêden, lykas Hadrametum, de haadstêd fan Byzacena (tsjintwurdich Sousse, yn Tuneezje) en Hippo Regius (tsjintwurdich Annaba yn Algerije). Foar it grutste part foel it yn Romeinske hannen oan 'e ein fan de Twadde Punyske Oarloch. De rest waard oermastere yn de Tredde Punyske Oarloch.