Italyske talen

Ut Wikipedy
Italyske talen
algemien
lokaasje Italjaansk Skiereilân, mooglik Sisylje
tal talen ±6-9
tal sprekkers 0 (, útsein Romaanske talen)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italysk
subgroepen ● ?Fenetyske talen
Latynsk-Faliskyske talen
● ?Lusitanysk
Oskysk-Umbryske talen
● ?Siselsk
taalkoades
ISO 639-5 itc

De Italyske talen binne in taalkloft út 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, wêrfan't de talen oarspronklik yn it earste milennium f.Kr. sprutsen waarden op it Italjaanske Skiereilân. De bekendste Italyske taal wie it Latyn, de offisjele taal fan it Romeinske Ryk, en teffens yn 'e Midsiuwen, de Renêssânse en de Ferljochting de taal fan 'e wittenskip. De oare Italyske talen stoaren op syn lêst yn 'e earste iuwen fan 'e Westerske jiertelling út, doe't se ferkrongen waarden troch it Latyn. De Romaanske talen, dy't fuortkomme út it Latyn, binne tsjintwurdich de iennichste Italyske talen dy't noch as memmetaal sprutsen wurde. Alle oarspronklike Italyske talen waarden skreaun yn Alditalyske skriften (of yn it dêrút fuortkommen Latynske alfabet), dy't fia it Etruskyske alfabet ôfstammen fan it Grykske alfabet.

Taalbesibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Italyske talen binne ien fan 'e taalgroepen fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje, krekt as û.m. de Germaanske, Keltyske, Slavyske, Baltyske, Helleenske, Anatoalyske en Yndo-Iraanske talen. Der bestiet in hypoteze dat de Italyske talen en de Keltyske talen nauwer oaninoar besibbe binne as oan 'e oare Yndo-Jeropeeske taalkloften, en dat se oarspronklik ien groep foarmen, de Italo-Keltyske talen. Dy teory is lykwols tige kontroversjeel.

De likernôge fersprieding fan 'e Italyske talen (werjûn yn griistinten) yn 'e 6e iuw f.Kr..

Njonken de Italyske talen, wêrfan't de wichtichsten Oskysk, Umbrysk, Latyn en Faliskysk wiene, waarden der op it Italjaanske Skiereilân yn it earste milennium f.Kr. ek net-Italyske talen sprutsen. Dêrûnder wiene sawol talen út oare Yndo-Jeropeeske taalgroepen, lykas Aldgryksk (út 'e Helleenske taalgroep), Lepontysk (út 'e Keltyske taalgroep) en Messapysk (út 'e Illyryske taalgroep), as pre-Yndo-Jeropeeske talen lykas it Etruskysk, Retysk en Liguerysk.

De Romaanske talen, dy't har fan it begjin fan 'e Midsiuwen ôf út it Latyn ûntjûn hawwe, binne de iennichste Italyske talen dy't tsjintwurdich noch memmetaalsprekkers hawwe. De wichtichste talen út dy kloft binne it Spaansk, Portegeesk, Frânsk, Italjaansk en Roemeensk. Mei mear as 800 miljoen sprekkers foarmje de Romaanske talen no de op ien meast sprutsen subgroep fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, nei de Yndo-Iraanske talen (mei û.o. it Hindy, Oerdû en Perzysk). As men it oer 'de Italyske talen' hat, wurdt dêrmei lykwols sawol yn 'e folksmûle as yn 'e wittenskip oer it algemien ferwiisd nei de útstoarne talen út 'e Aldheid, en net nei de noch libbene Romaanske talen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taalkundigen geane der oer it algemien fan út dat de skriftlik oerlevere Italyske talen út it earste milennium f.Kr. ôfstammen fan talen dy't earne yn it twadde milennium f.Kr. troch Yndo-Jeropeeske kolonisten nei it Italjaanske Skiereilân ta oerbrocht wiene. Dat moat nei alle gedachten yn 'e twadde helte fan dat milennium bard wêze. Wêr't dy kolonisten krekt weikamen en wêrom't se nei Itaalje teagen, is noch altyd in iepen fraach. Taalkundich bewiismateriaal fan iere kontakten mei sprekkers fan Keltyske en Germaanske talen wiist derop dat de sprekkers fan 'e Italyske talen wierskynlik in skoft yn Midden-Jeropa omhúsmanne hiene foar't se nei it skiereilân ta ôfsakken. Hoewol't it argeologysk en taalkundich bewiismateriaal net alhiel oerienkomt, wurde de Itaaljers út dy tiid ornaris assosjearre mei de Terramare-kultuer (1700-1150 f.Kr.) en de Proto-Villanova-kultuer (1200-900 f.Kr.).

Hoe't de Italyske talen har krekt ûntwikkelen, is noch altyd in striidkwestje. De ûnienichheid mank taalkundigen spitst him yn 't bysûnder ta op 'e fraach oft de oertaal, it Proto-Italysk, dêr't alle Italyske talen fan ôfstammen, troch de kolonisten nei it Italjaanske Skiereilân ta oerbrocht waard en dêr meitiid útinoar foel yn ferskate talen, of dat it Proto-Italysk al yn teminsten twa, mar miskien sels mear talen útinoar fallen wie doe't de kolonisten har yn Itaalje nei wenjen setten.

De fersprieding fan 'e talen yn sintraal Itaalje oan it begjin fan 'e Romeinske ekspânsje.

Om 700 f.Kr. hinne fêstigen Grykske kolonisten út Euboea har yn koloanjes by de kust fan súdlik Itaalje lâns. Dyselden brochten dêr harren skriftfoarm, dy't al rillegau oernommen en oanpast waard troch de Etrusken en dêrnei, fia dy tuskenstap, ek troch de sprekkers fan 'e Italyske talen. Sa ûntstiene de Alditalyske skriften, dêr't de ierst bekende Italyske talen yn oerlevere binne. Ut it op dy manear bewarre bleaune taalkundich bewiismateriaal kin opmakke wurde dat it Etruskysk gjin Yndo-Jeropeeske taal wie. Oer de oarsprong fan 'e Etrusken en harren taal bestiet noch altyd net iens it begjin fan in idee. Lange tiid waard it Etruskysk as in isolearre taal beskôge, mar yn 'e 1990-er jierren ûntstie de (noch altyd net folslein akseptearre) teory dat de taal mei it Retysk út 'e Alpen en it Lemnysk út 'e Egeyske See de Tyrreenske talen foarmje soe.

Taalhistoarisy binne yn it ferline oer it algemien ta de konklúzje kommen dat alle Yndo-Jeropeeske talen út 'e Aldheid fan Itaalje, ynsafier't dy net dúdlik ta in oare Yndo-Jeropeeske taalkloft hearden, mei-inoar de Italyske talen foarmen. De geastlike heit fan dy teory is Antoine Meillet (1866-1936). Dy saneamde unitaryske teory rôp krityk op fan oare saakkundigen, lykas Alois Walde (1869-1924), Vittore Pisani (1899-1990) en Giacomo Devoto (1897-1974), dy't it idee oppenearren dat de Oskysk-Umbryske talen en de Latynsk-Faliskyske talen twa aparte subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje foarmen en dat der dus nea in Italyske taalienheid bestien hawwe soe. Yn 'e tweintichste iuw krige dy teory mear byfal, mar de unitaryske teory hat noch altyd de measte oanhing.

It taheakjen fan in trêde groep, de Fenetyske talen, oan 'e Italyske talen, is noch in stik kontroversjeler. Guon taalkundigen beskôgje de Fenetyske talen as nauwer besibbe oan 'e Oskysk-Umbryske talen as dat dy talen oan 'e Latynsk-Faliskyske talen besibbe wiene, mar de measten sjogge de Fenetyske talen op basis fan harren ôfwikende tiidwurdesysteem as òf in iere ôfspjalting fan 'e Italyske talen (it Proto-Fenetysk soe dan in sustertaal fan it Proto-Italysk west hawwe kinne), òf as in selsstannige subgroep fan 'e Yndo-Jeropeeske talen. Ek kontroversjeel, mar minder as de tafoeging fan 'e Fenetyske talen, is it taheakjen fan twa isolearre talen oan 'e Italyske taalgroep. Dêrby giet it om it Siselsk, út it binnenlân fan Sisylje, en it Lusitanysk, út it westen fan it Ibearysk Skiereilân.

Underferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende ûnderferdieling fan 'e Italyske talen wurdt oer it algemien akseptearre, hoewol't de posysje fan 'e Fenetyske talen, it Siselsk en it Lusitanysk binnen dizze famylje kontroversjeel bliuwt.

Taalferliking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

wurd Latynsk-Faliskyske talen Oskysk-Umbryske talen Proto-Italysk Proto-Keltysk Proto-Germaansk
Faliskysk Latyn Oskysk Umbrysk
"ien" ? ūnus *uinus uns *oinos *oinos *ainaz
"twa" du duō dus duf *duō *dwāu *twai
"trije" tris trēs (m/f)
tria (û)
trís trif (m/f)
triia (û)
*trēs (m/f)
triā (û)
*trīs *þrīz
"fjouwer" ? quattuor petora
pettiur
petur *kʷettwōr *kʷetwares *fedwōr
"fiif" *quique quinque pompe *pumpe *kʷenkʷe *kʷenkʷe *fimf
"seis" śex sex *sehs sehs *seks *swexs *sehs
"sân" *śepten septem seften ? *septem *sextam *sebun
"acht" oktu octō *uhto ? *oktō *oxtū *ahtōu
"njoggen" *neven novem *nuven *nuvim *nowen *nawan *newun
"tsien" ? decem deken *desem *dekem *dekam *tehun

*) = rekonstruëarre
m/f = manlik/froulik
û = ûnsidich

Sa't yn 'e boppesteande tabel by guon wurden sjoen wurde kin, wiene de Italyske talen, krekt as de Keltyske talen, te ferdielen yn in P- en in Q-groep, ôfhinklik fan it behâld of de ferskowing yn klank fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske * (kw fan "kwartsje"). Yn 'e talen fan 'e Oskysk-Umbryske groep wie dy klank feroare yn in p, wylst yn 'e Latynsk-Faliskyske talen de oarspronlike útspraak beholden wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.