Springe nei ynhâld

Pieter Duijff

Ut Wikipedy
Pieter Duijff
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Duijff
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 novimber 1957
berteplak Rinsumageast (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre non-fiksje (taalkunde, letterkunde,
wurdboeken)
bekendste
  wurk(en)
Wurdlisten fan 'e Fryske
   Stedsdialekten

Fries en Stadsfries
Frysk Hânwurdboek
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
gjint

Pieter Duijff (Rinsumageast, 19 novimber 1957)[1] is in Frysk taalkundige, wurdboekgearstaller, publisist en resinsint dy't wurksum is by de Fryske Akademy te Ljouwert. By syn wurk leit er him foar in wichtich part ta op it Stedsk en de ûnderdialekten dêrfan. Sa hat er yn 1998 it boek Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten gearstald, en skreau er yn 2002 it boekje Fries en Stadsfries foar de rige Taal in Stad en Land fan 'e Haachske útjouwerij Sdu Uitgevers. Dêrnjonken wie Duijff ek ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan it Juridysk Wurdboek Nederlânsk-Frysk, yn 2000, dêr't trouwens in Frysk-Nederlânske yndeks by ynsit, en hied er mei Frits van der Kuip de einredaksje fan it Frysk Hânwurdboek, dat yn 2008 reekaam.

Duijff is fierders ek aktyf as kritikus fan û.m. Fryske literatuer en Fryske films. Sa hat er wurk fan skriuwers as Rink van der Velde, Trinus Riemersma, G. Willem Abma en Meindert Bijlsma resinsearre, en teffens de útjeften fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek yn it algemien. Faak giet it datoangeande by Duijff likefolle of mear oer it taalgebrûk as oer de literêre wearde fan it oangeande wurk. Duijff beheint himsels ek net ta modern wurk, mar hat bygelyks yn 1993 ek in skôging skreaun oer De Hoara's fan Hastings, fan Simke Kloosterman (1876-1938).

  • 1988 – Resinsje en Literatueropfetting: In Undersyk nei de Literatueropfetting fan Tiny Mulder (skripsje NHL)
  • 1998 – Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten
  • 2000 – Marten Posthumus Tekenet de Geast: Rinsumageast yn 'e Tritiger en Fjirtiger Jierren (tekst en tekenings: Marten Posthumus; red. Pieter Duijff)
  • 2000 – Juridisch Woordenboek Nederlands-Fries – Juridysk Wurdboek Nederlânsk-Frysk
  • 2002 – Fries en Stadsfries
  • 2008 – Frysk Hânwurdboek (einred., mei Frits van der Kuip)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bertedatum fan Pieter Duijff