Diepenveen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Doarpsstrjitte
Eardere gemeentehûs fan Diepenveen yn Schalkhaar

Diepenveen (Nedersaksysk: Diepenvene) is in doarp yn de gemeente Dimter yn de provinsje Oerisel benoarden de stêd Dimter. Diepenveen hat likernôch 4300 ynwenners.

De histoaryske kearn is it eardere frouljuskleaster, wêrfan't no allinnich mar de (restaurearre) tsjerke oer is. Fan 1811 oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1999 wie Diepenveen in selsstannige gemeente mei in eigen bestjoer. De destiidske gemeente telde op 1 jannewaris 1998 10.530 ynwenners. It gemeentehûs stie lykwols net yn Diepenveen, mar yn Schalkhaar. De oare doarpen yn de gemeente wienen Lettele, Okkenbroek, oant 1974 Colmschate en de buorskippen Averlo, Linde, Alde Mole en Tjoene, en oant 1960 ek noch de buorskippen de Platvoet en Borgele.

Yn 1890 kamen trappisten fan de Oarder fan de Sistersjenzers fan de Strikte Observânsje op de pleatsen 'De Vulik' en 'Het Leeuwen' en stiften dêr de Abdij Sion, it ienige trappistekleaster yn Nederlân boppe de grutte rivieren.