Springe nei ynhâld

Fisfliet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fiskflyt)
Fisfliet
Visvliet
Sint-Gangulfustsjerke (2010)
Sint-Gangulfustsjerke (2010)
Emblemen
                 
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 270 (2023) [1]
Oerflak 0,33 km²
dêrfan lân: 0,32 km²
dêrfan wetter: 0,01 km²
Oar
Postkoade 9845
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
Doarpsside
Kaart
Fisfliet (Grinslân)
Fisfliet
Kaart
Sint-Gangulfustsjerke (2010)
Lizzing Fisfliet yn de eardere gemeente Súdhorn

Fisfliet[2], somtiids ûnder oare ek wol stavere as Fiskflyt[3] (Nederlânsk en offisjeel: Visvliet) is in doarp yn de gemeente Westerkertier, provinsje Grinslân (Nederlân). It doarp hat 290 ynwenners (1 jannewaris 2020).[4]

Fisfliet leit oan de Grinslanner kant fan it rivierke de Lauwers. Oan de eastkant fan it doarp rint it Fisflieterdjip, ek wol Besheersdjip neamd. De Lauwers is sûnt de Slach oan de Boarn yn 734 (doe't Karel Martel de Fryske hartoch Poppo fersloech) bekend as in grinsrivier; earst tusken de Frankyske en Fryske gebieten, dêrnei tusken Westerlauwersk en Easterlauwersk Fryslân. Letter waard de rivier de grins tusken Grinslân en Fryslân.

It doarp Fisfliet waard earne yn de 13e iuw stifte fan de muontsen fan it kleaster yn it hjoeddeiske Gerkeskleaster; hja foltôgen yn 1249 in dyk fan Scharnehuizen nei Fiskfliet, dy't in tûke fan de Lauwerssee ôfsleat. De Lauwerssee hie him yn de foarlizzende twa iuwen sterk útwreide. Der waard by Fisfliet in ûntwetteringsslûs boud.[5]

Yn 1370 stiften de muontsen dêr in tsjerke ta eare fan de hillige Gangulfus. Yn 1387 moast dy tsjerke ûntromme wurde nei in oerstreaming. Yn 1427 waard in nije Sint-Gangulfustsjerke boud op itselde plak. De tsjerke is yn 1973 folslein restaurearre.

Fisfliet hat lang in seehaven en drok hannelsplak west, mar ferlear dy posysje troch tichtslykjen fan de slinke dêr't it oan lei. De kleastergrûn fan Fisfliet kaaam nei de byldestoarm en it ferjeien fan de Spanjerts yn 1581 yn de Slach by Fisfliet (yn de Tachtichjierrige Kriich) oan de provinsje Fryslân om't it grinsgebiet wie. Lykwols wurdt it karspel Fisfliet al yn 1637 oan Grins ferkocht út reden fan jildkrapte fan it provinsjebestjoer. Oant 1795 wie der in dûanepost, anneks tolhûs, by it doarp, dêr't guod foar Fryslân op fergunnings kontrolearre waard en dêr't tol bard waard.[6]

Fan 1578 oant 1637 wie Fisfliet in eigen gritenij. Sjoch: List fan grytmannen fan Fisfliet.

Fan 1811 ôf hearde Fisfliet ta de gemeente Grijpskerk, dat yn 1990 oan de gemeente Zuidhorn kaam. Yn 1842 kaam er in weiferbining mei Grijpskerk.

Krekt besuden it doarp stiet de Hilmahústermole, in poldermole út 1868.
It hege wite N.S.-stasjonsgebou (út 1891) is yn 1983 sloopt en waard ferfongen troch in ienfâldich wachthûske. It stasjon Fisfliet - oan it spoar Grins-Ljouwert - waard yn 1991 opheft.[7]

In bekende ynwenner fan Fisfliet wie Eise Eisinga, dy't út Fryslân flechte nei in rebûlje yn Frjentsjer dêr't er by belutsen wie. Nei in jier waard er lykwols útlevere en nei in jier feroardiele ta ferbanning út Fryslân, wêrnei't er nei Fisfliet werom kearde. Dêr moete hy syn twadde frou, foardat er yn 1795 tebekgie nei Frjentsjer. Yn it doarp is in strjitte nei him ferneamd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
  3. Oare âlde staveringen binne Vis(ch)fleeth, Fliethuzum, Ffishfliedt, Visvlet, Vissvlete, Visvlait, Vijffleyt, Vijsfleyt, Vijsvliet, Vijsvlyt, Vifsflit, Vifuliet, Vifvliet, Vievvleit, Fischvlet, Fisvliet, Fyvlieth, Vischvleth, Wysfleet en Wysfleyt.
  4. Allecijfers.nl
  5. [1]; De geografie van de ‘Lex Frisionum’: 2. Laubach;Archief IJpelaan; 9 maaie 2004; sjoen 22 juny 2007
  6. De hervormde kerk van Visvliet; sjoen 22 juny 2007, J. Riezebos
  7. Webstee gemeente Zuidhorn
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje