Grypskerk
Grypskerk/Gryptsjerk Grijpskerk | ||
It âlde gemeentehûs fan Grypskerk út 1913, de ferfanger fan in âlder gemeentehûs út 1887 oan oarekant fan de strjitte. Foar 1887 hierde de gemeente romte yn loozjemint Hotel Vogelzang. (2010) | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.905 (2023) [1] | |
Oerflak | 31,11 km² dêrfan lân: 30,56 km² dêrfan wetter: 0,56 km² | |
Befolkingsticht. | 93 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Steatsline B, N355, N388 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Grypskerk (2007) |
Grypskerk[2] of Gryptsjerk[3] (Nederlânsk en offisjeel: Grijpskerk; Grinslânsk: Gruupskerk) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân. De ynwenners hiene eartiids de bynamme Smaalruggen. It doarp hat 2.905 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1507 wurdt it plak foar it earst neamd as Grijpskercke. Op guon âlde kaarten en yn de pauslike bul fan 1561 komt de namme 'Engewerd' foar. Neffens Formsma (1986), s. 14-15 is dat lykwols in ferkearde stavering fan Rugewerd (Rûgewaard) omdat dy namme foar it earst op in kaart fan Jakob fan Dimter ferskynt, wylst 'Ruegewerdt alias Grijpskercke' (op in oar ôfskrift Grijpscapelle) al fan 1507 ôf foarkomt. Yn de 16e iuw wurdt it plak ôfwikseljend mei Grijpskerk en 'Westerdijken' oantsjut, mar nei ferrin fan tiid komt de namme Grijpskerk allinne noch foar. Yn de 17e iuw wurdt de namme 'Westerdijken' brûkt foar de kontrei Westerhorn ûnder Grypskerk. Westerdiken komt it earst foar yn in dokumint út 1426 en ferwiisde doe nei Sebaldebuorren-ûnder; it noardlike nij bepoldere part fan dat karspel, dat leger lei as it âlde gebiet.
Doarpswapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Grypskerk waard yn 1903 takend en bestiet út 2 dielen: it boppeste part hat in griffioen, it wapen fan de famylje Grijp (grijp=griffioen). It ûnderste part fan it wapen lit de tsjerke fan Nicolaas Grijp sjen.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Opm.1 Fan 1811 oant 1990 wie Grypskerk in gemeente Opm.2 Feiten oer it doarp binne net folslein te fergelykjen troch ferskate mjitienheden | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Bron: www.volkstellingen.nl |
It doarp hat ûnder oare in bedriuweterrein, in winkelstrjitte, in grutte supermerk, in ferwaarme swimbad, in sporthal (De Enk) en sportpark en in wensoarchsintrum (De Wierde). Op it bedriuweterrein stiet de âlde suvelfabryk 'de Kievit' (1889-1969), dat no tsjinnet as bedriuwesammelplak.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grypskerk leit oan de N355 en it spoar Grins-Ljouwert (stasjon Grypskerk). Sa'n 1½ km besuden it doarp rint it Van Starkenborghkanaal. It Poeldjip (it ferlingde fan it Wolddjip nei it noarden) ferbynt it doarp mei it kanaal. It lêste stik is tichtsmiten, dat skippen moatte no fia it Hoeredjip (hoere = hore = slyk) farre.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in sportkompleks mei de namme 'De Enk', dêr't in ferskaat oan sporten beoefene wurde. Yn it park derefter lizze de fjilden fan fuotbalferiening VV Grijpskerk en in tennisbaan. Teffens leit dêr de iennichste fierljepbaan fan Grinslân.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Herfoarme tsjerke (1605)
-
Pastory (16e iuw)
-
Notariswent (1911)
-
Filla 'Rustoord' (1891)
-
Nôtmûne "De Kievit" (1899)
-
Kafee-restaurant De Tapperij, earder Hotel Spoorzicht (18e iuw)
NAM-park
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1990 waard troch de NAM in protte ierdgas fûn tusken Grypskerk, Niesyl en Kommersyl. Boppedat waard ek in boaimlaach fûn dy't gaadlik is foar de opslach fan gas. Der is 1 miljard gûne ynvestearre yn in kompleks fan 50 hektare foar ûndergrûnske gasopslach dat op 1 jannewaris 1997 iepene waard en dat tsjinnet as lanlik opslachplak foar ierdgas, sadat foar it lanlike pykferlet ynstean wurde kin. Yn 2007 kaam in piiplieding nei Noard-Hollân klear, dêr't it gas ek troch nei it Feriene Keninkryk brocht wurde kin. Om de NAM-lokaaske hinne is in natoerpark, it NAM-park, oanlein, om de gebouwen en ynstallaasjes foar it grutste part oan it each te ûntlûken, om sa tsjinstanners en bewenners yn it gebiet yn de mjitte te kommen en tefreden te hâlden. It natoerpark wurdt ekologyske beheard.
Berne yn Grypskerk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wiebe Jannes Formsma (1903-1999), histoarikus en publisist
- Roelof Kruisinga (1922), arts, amtner en politikus (CHU en CDA)
- Pieter van der Zaag (1940), politikus (CDA)
- Gosse Noordewier (1947), politikus (PvdA)
- Gert Sennema (1962), byldhouwer
- Dirk Scheringa (1950), oprjochter DSB Groep, sportbestjoerder (fuotbalklup AZ) en politikus (CDA)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Formsma, W.J. (1986), Grijpskerk: De geschiedenis van een Groninger gemeente. Grins: Wolters-Noordhoff/Forsten. 283 s.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside oer it 500-jierrich bestean fan Grypskerk yn 2003
- Skiednis fan Grypskerk oant 1600
- Gemeentlike side oer de skiednis fan it doarp
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|