Springe nei ynhâld

De Kievit (Grypskerk)

Ut Wikipedy
De Kievit
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plakGrypskerk
adresMûnestrjitte 33
koördinaten53°15'N 6°18'E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
flecht21,08 m
boujier1899
oare ynformaasje
eignerGem. Westerkertier
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer18792 [1]
Kaart
De Kievit (Grinslân)
De Kievit

De Kievit is in nôtmûne yn Grypskerk yn 'e provinsje Grinslân.

De mûne waard yn 1899 boud mei gebrûk fan it materiaal fan in ôfbrutsen oaljemûne út Nijesyl. De foargonger, in lytsere mûne dy't letter "De Leeuw" neamd waard, ferhûze nei Echt, dêr't de mûne ôfbaarnde. By de werbou bleau de fjouwerkante ûnderbou yntakt. De mûne hat sadwaande in tige grutte bedriuwsromte ûnder de stelling. Eartiids wie de mûne ek as pelmûne ynrjochte, mar de hjoeddeiske mûne hat allinne noch in koppel mealstiennen.

Yn 1989 krige de mûne de namme De Kievit. Ynearsten wie de namme "De Leeuw" foardroegen, mar yn Oldehove stie ek al in mûne mei dy namme. De wjukken hawwe in flecht fan 21,08 meter en binne Ald-Hollânsk ophekt2.

De mûne is eigendom fan de gemeente Westerkertier.

Súdlik fan it doarp stiet noch De Westerhorner, in poldermûne. Yn 2003 waard eastliker dêrfan oan it Van Starkenborghkanaal de Zwakkenburgermûne boud.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: