Springe nei ynhâld

De Westerhorner

Ut Wikipedy
De Westerhorner
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plakGrypskerk
adresPoelweg 9
koördinaten53°15'N 6°18'E
bysûnderheden
type mûnemuonts
funksjepoldermûne
flecht19,50 m
boujier1829
oare ynformaasje
eignerDe Grinslânske Poldermûnen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer18792 [1]
Webside
degroningerpoldermolens.nl
Kaart
De Westerhorner (Grinslân)
De Westerhorner

De Westerhorner is in poldermûne oan 'e Puoldyk yn Grypskerk yn 'e provinsje Grinslân. De mûne is yn besit fan 'e Stifting De Grinslânske Poldermûnen.

De mûne stiet oan 'e westlike kant fan it Puoldjip en tsjinne foar it drûch hâlden fan 'e Westerhornerpolder. De mûne waard yn 1829 boud en ferfong doe in mûne út 1813, dy't yn april 1829 ôfbaarnde.

Yn 1947 krige de mûne in nije stalen skroef en in betonnen skroefbak. Nei't in roede yn 'e hjerst fan 1954 briek, waard dy wer yn oarder makke. Sûnt 1957 krige de mûne in diselmotor. De mûne rekke sûnt yn it negean.

Nei de restauraasje fan 'e jierren 1980 kin de skroef tsjintwurdich elektrysk, mar ek op wynkrêft oandreaun wurde. De wjukken hawwe in flecht fan 19,50 meter en besitte selsswichting.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: