Springe nei ynhâld

Oerlis:Fisfliet

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Goiejun, op de Siede De Wylp stiet:
De Wylp, De Grinzer Pein, Kornhorn en Mearum binne de ienige plakken yn Grinslân dêr't tsjintwurdich noch Frysk praten wurdt.
Op de nederlanske Siede Westerkwartier stiet:
In de Westerkwartierse dorpen Marum, Opende en De Wilp en Visvliet en Grootegast wordt, als enige plaatsen in Nederland buiten de provincie Friesland, door veel bewoners ook Fries gesproken.
Kinne jo yn Frylan befestige, dat yn Fiskflyt ek Frysk praten wurd??--Bernd 9 nov 2011, 21.01 (CET)[beäntwurdzje]

It rint dêr wat troch elkoar, der wurdt sawol Frysk en Grinsk praat. Tafallich lesten mei yn der oer hân dy't dêr wennet. --Geoffrey 9 nov 2011, 21.58 (CET)[beäntwurdzje]

Elts mei graach ris fiskje

[boarne bewurkje]

Wy hawwe no fjouwer farianten fan de plaknamme yn ien stikje: Fisfliet, Fiskfliet, Fiskflyt en Fyskflyt. Knappe prestaasje, mar wat is goed? Drewes (oerlis) 4 aug 2020, 18.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Yn elts gefal is dúdlik dat de Fryske namme mei in f begjint, dat is al wat. Neffens Delpher: Fisfliet sa. 18, Fiskfliet 7, Fiskflyt 0 en Fyskflyt ek 0, dat ik soe sizze: Fisfliet (ek wol: Fiskfliet). Wutsje 4 aug 2020, 20.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin it mei Wutsje iens Kneppelfreed (oerlis) 4 aug 2020, 21.42 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw in wandkaart Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, út 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven. Dêrop stiet dit plak oanjûn as "Visvliet" (Ned.) / "Fisfliet" (Frysk). Dus dat strykt mei wat Wutsje hjirboppe seit. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 aug 2020, 00.08 (CEST)[beäntwurdzje]