Springe nei ynhâld

De Grinzer Pein

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Opende)
De Grinzer Pein
Opende
Komboerd De Grinzer Pein (2010)
Komboerd De Grinzer Pein (2010)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 2.529 (2023) [1]
Oerflak 25,3 km²
dêrfan lân: 24,84 km²
dêrfan wetter: 0,44 km²
Befolkingsticht. 104 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N981, N358
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Kaart
De Grinzer Pein (Grinslân)
De Grinzer Pein

De Grinzer Pein[2] (Nederlânsk en offisjeel: Opende; Grinslânsk: De Penne) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 hearde it ta de gemeente Gruttegast; dêrnei kaam it by de nije fúzjegemeente Westerkertier. De Grinzer Pein leit oan 'e eastgrins fan Fryslân; it is it meast westlik lizzende doarp fan Grinslân. Yn 2023 hie it doarp 2.529 ynwenners.

Kultuer en namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grinzer Pein is ien fan 'e doarpen yn it Westerkertier fan Grinslân dêr't fan âlds Frysk sprutsen wurdt; it Nedersaksyske Grinslânsk (Westerkertiersk) is der net lânseigen. De namme 'De Grinzer Pein' wurdt yn it Frysk brûkt om betizing mei it De Pein, yn Fryslân, foar te kommen. De namme is in ferwizing nei de lizzing: op (= oan) de ein fan 'e wei fan it doarp Gruttegast nei Fryslân. Op âlde kaarten wurdt de namme ek wol stavere mei in trema op de e (dus: Opënde); dat om foar te kommen dat it yn it Nederlânsk as de doetiid fan it tiidwurd 'iepenje' lêzen wurde soe.

Mids 2018 oppenearre de lokale politike partij Sterk Westerkertier dat op De Grinzer Pein in referindum holden wurde moast om te sjen oft de befolking ynstee fan op 1 jannewaris 2019 op te gean yn 'e nije fúzjegemeente Westerkertier, net leaver by de Fryske gemeente Achtkarspelen komme woe te hearren. De reäksjes fan 'e ynwenners fan De Grinzer Pein op dat inisjatyf wiene lau: it wie de measte minsken beide kearen wol bêst. Achtkarspelen krige allinnich de foarkar as dêr minder gemeentlike belestings betelle hoege wurde soene.[3]

De Grinzer Pein hat twa tsjerkegebouwen: de Herfoarme tsjerke en de Grifformearde tsjerke. Súdeast fan it doarp stiet op it terrein fan de kemping De Watermolen in Amerikaanske wynmotor.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven
  3. Veltman, Melle, Opende bij Friesland? "Alleen als het goedkoper is", yn: de Ljouwerter Krante, 9 augustus 2018, s. 27.
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje