Herfoarme tsjerke (De Grinzer Pein)
Herfoarme Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | De Grinzer Pein | |
adres | Provincialeweg 158 | |
koördinaten | 53° 10' N 6° 13' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Piter ?[1] | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1748 | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
De Herfoarme tsjerke yn De Grinzer Pein is de tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente De Grinzer Pein-Kornhorn. De gemeente is oansletten by de PKN. Sûnt 1973 is de tsjerke in ryksmonumint.[2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet yn it eastlike diel fan it doarp op 'e hoeke fan 'e Provinsjalewei en de Peinderwei op in ferhege hôf. Tusken de tsjerke en de Provinsjalewei rint in brede lykreed, mei oan wjerskanten kastanjebeammen.
It oarspronklike tsjerkegebou datearre nei alle gedachten fan omtrint 1600. Yn 1612 waard de earste dûmny, dy't ek skoalmaster wie, yn tsjinst nommen. Nei alle gedachten datearret de bou fan 'e earste tsjerke ek út dy tiid. Yn 1748 waard de tsjerke ôfbrutsen en op 'e nij boud. De foargevel is yn 1915 fernijd. Boppe de tagong binne fjouwer gevelstiennen ynmitsele mei û.o. de nammen fan de âlderlingen en diakens fan it jier 1748.
Yn 1930 waard oan 'e eastlike kant dwers op de âlde sealtsjerke in breder diel boud. Sûnt dy tiid hat de tsjerke in T-foarm as grûnplan.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan 'e tsjerke waard yn de jierren 1983-1984 restaurearre. Fan it oarspronklike meubilêr stamt de preekstoel út de earste helte fan 'e 18e iuw. De tsjerke hat noch in jûnsmielbeker út 1635. Op de beker is Ao XVIXXXV (Anno 1635) Karcken Becker van Uppende. V.A. Pastoor gravearre. De pastoar "V.A." (Valentius Artopaeus) wie de fyfte dûmny fan 'e Grinzer Pein en stie fan 1626 oant 1649 dêr op de kânsel. It oare jûnsmielreau stamt út 1822. De kânselbibel is fan 1864.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is yn 1966 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|