Tsjerk Hiddes/Cambuursterhoek
Appearance
Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek wie in wyk yn de stêd Ljouwert, en leit om de Tjerk Hiddesstrjitte, Cambuursterpaad en de Camminghastrjitte hinne. De wyk waard yn 2018 gearfoege mei de wiken Oldegalileën-Blommebuert en Flietsône ta de wyk Ald-East.
Yn de Midsiuwen wie it gebiet it terrein fan de famylje Cammingha, dy't yn in kastiel wenne. Ek it Cambuurplein en de fuotbalklup Cambuur is dêrnei neamd.
Ta de wyk hearden de buerten: Cambuursterpaad, Cambuur en Zamenhofpark.