Mr. P.J. Troelstrawei (Ljouwert)
Appearance
De Mr. P.J. Troelstrawei (kortwei Troelstrawei, ferneamd nei Pieter Jelles Troelstra) is in leane yn Ljouwert. De Mr. P.J. Troelstrawei is ûnderdiel fan de weiferbining Ljouwert - Stiens, en hat dy namme fan de gemeentegrins fan Ljouwert ôf oant dêr't de wei flak foar it sintrum oergiet yn de Spanjertsleane. Op it part tusken de rûnwei fan Ljouwert en de gemeentegrins rint de N357 oer de Mr. P.J. Troelstrawei.
It is in brede leane mei (heare)huzen út de jierren 30 fan de 20e iuw. Eartiids hiet de Troelstrawei Stienzerwei, mar dat waard op 1 jannewaris 1931 feroare. Ek it eardere Sint Bonifatius Hospitaal leit oan de Troelstrawei.