Maria van Everdingen
Maria van Everdingen | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maria Johanna van Everdingen | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 22 desimber 1913 | |
berteplak | De Bilt | |
stoarn | 30 juny 1985 | |
stjerplak | Skearnegoutum | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Byldhouwer | |
streaming | Figurative keunst |
Maria Johanna van Everdingen (De Bilt, 22 desimber 1913 - Skearnegoutum, 30 juny 1985) wie in Nederlânsk byldhouwer.[1]
Van Everdingen krige har oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende keunsten yn Amsterdam. Se hat tenearsten keazen foar de grafyske rjochting, pas letter begûn se mei byldhouwen. Se gie nei Wenen om fierder te learen, mar stoppe doe't Adolf Hitler yn 1938 Eastenryk yn foel. Yn 1958 gie Van Everdingen werom nei Nederlân, dêr't se sûnt 1965 yn Fryslân wenne hat.
Har figurative skulptueren hat se makke yn brûns en stien. Sy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners en de Nederlânske Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners.
Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Fôle fan Frysk Hynder (1970)
- Feanarbeidershúshâlding (1978)
- Fôle fan Frysk Hynder (1970)
- Jonge mei fûgeltsje (1965)
- Bern bouwe troch (1971)
- De Fluitsjende Reidflechter (1973)
- Anders Minnes Wijbenga (1970)
- Piter Sjoerds Gerbrandy (1976)
- Bern mei laam (1981)
Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Piter Sjoerds Gerbrandy yn Snits
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maria van Everdingen fan Wikimedia Commons. |