Springe nei ynhâld

De Bilt (doarp)

Ut Wikipedy
Lizzing yn de gemeente De Bilt
Winkelstrjitte De Bilt
Utertskewei De Bilt
Doarpstsjerke De Bilt

De Bilt is ien fan de seis doarpen of doarpskearnen yn de gemeente De Bilt yn de provinsje Utert. Op 1 jannewaris 2020 hie De Bilt 10.870 ynwenners.

De namme fan it doarp komt fan 'belt'. In belt is in heuveltsje, wat fergelykber is mei it hjoeddeiske bult. It plak is ûntstien op ien fan de útrinners fan de Utertske Heuvelrêch.

De ûntsteansskiednis fan De Bilt giet werom oant de 12e iuw en hinget ûnder mear gear mei it ôfdamjen fan de Kromme Ryn yn 1122. Troch de mear en mear weromkommende oerstreamings fan de Kromme Ryn wie it gebiet sompich en min tagonklik. De ôfdaming, dien yn opdracht fan biskop Godebald, makke de ûntginning fan it gebiet mooglik.

By akte fan 14 maart 1122 skonk Mathildis, frou fan de Dútske keizer Hindrik V, oan it krekt oprjochte dûbelkleaster Oostbroek, dat letter in Benediktinenkleaster waard. Dit kleaster krige in ivichduorjend besit fan it heule moerasgebiet Oostbroek en it oangrinzjende grûngebiet, dat nefens bedoelde akte yn it spraakgebrûk 'vene' neamd waard. Net allinnich waard it grûngebiet skonken, mar ek inkele hearlike rjochten lykas it rjocht fan tijnsheffing (greeflike erfpacht) en it ynjen fan tsienden, krektas it rjocht ta wetjouwing, rjochtspraak en bestjoer.

De datum fan dizze skinkingsakte wurdt dêrom ek beskôge as it begjin fan it lokale oerheidsgesach. Sûnt 1997 wurdt 14 maart yn de gemeente De Bilt offisjeel Mathildedei neamd. Fierders wurdt De Bilt neamd yn 1372, as ien fan de plakken dy't ferwoaste is troch de Geldersken.

Yn 1644 waard de Biltse Grift oanlein, in kanaal. Yn de 17e en 18e iuw ferkochten Steaten fan Utert grutte stikken grûn (dy't ûnder oare yn eigendom west hiene fan de kleasters) oan fermogende boargers, dy't der in soad bûtens setten. De Bilt is sûnt lange tiid trochgongsplak fan it easten nei Utert, wêrtroch't der herbergen en byhearrende ambachten ûntstienen oan de Doarpsstrjitte.

Foarsjennings en it besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn De Bilt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Bilt
Doarpen:
BilthovenDe BiltGroenekanHollandsche RadingMaartensdijkWestbroek
Buorskippen:
Achttienhoven
· · Berjocht bewurkje