Springe nei ynhâld

Sandwijck

Ut Wikipedy
Sandwijck

It bûten Sandwijck stiet besuden De Bilt, oan de drokke Utrechtseweg nr. 305.

Fan oarsprong wie Sandwijck in úthôf fan it kleaster Oostbroek, op it lykneamde bûten yn it súdlikste puntsje fan De Bilt.

Yn 1644 wurdt de bûtenpleats kocht troch C. Utenhoven. Troch him of dêrnei, mar yn elts gefal noch wol yn de 17e iuw, wurdt der in pleats boud. Dy pleats komt úteinlik troch fererving in het besit van Adriana Voet van Winssen in 1759. Troch har wurdt yn 1770 opdracht jûn om de pleats te ferfangen troch in bûten. It park wurdt oanlein yn de Ingelske lânskipsstyl. Dat park wurdt lykwols yn 1833 sterk wizige troch in lid fan de famylje Van Lunteren.

Yn 1854 komt Sandwijck troch fererving yn besit fan Elisabeth Charlotta Petronella Both-Hendriksen en har man, mr Christiaan Willem Johan baron van Boetzelaer hear fan Dubbeldam. Oant 1963 bliuwt de famylje van Boetzelaer eigener. Yn dat jier wurdt it hûs ferkocht oan de stêd Utert, dy't it dêrnei trochferkeapet oan de Universiteit Utert.

It bûten is ± 63 ha. grut. It park giet fia in sletten bosk oer yn in greidegebiet mei houtsingels en inkele beamgroepen. Yn de foarrige iuw is troch de destiidske eigener in tal eksoatyske beamsoarten oanplante. It bûten hat fierder ûnder mear in kapeltsje en in unike pergola dy't ein njoggentiger jierren restaurearre binne.

  • 1644 C. Utenhoven
  • 1759 Adriana Voet van Winssen
  • 1807 famylje Both Hendriksen
  • 1833 famylje Van Lunteren
  • 1854 - 1963 famylje Van Boetzelaer
  • 1963 - 1967 Gemeente Utert
  • 1967 Universiteit fan Utert

It hûs is formeel opdield yn apparteminten en wurdt bewenne troch in wengroep. It hûs is net tagonklik foar it publyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]