Martensdyk

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Maartensdijk)
Jump to navigation Jump to search

Martensdyk is in doarp en eardere gemeente yn de hjoeddeiske gemeente De Bilt, yn de provinsje Utert. It doarp hat 5.280 ynwenners (2004). De gemeente omfieme by de opheffing yn 2001 de doarpen Martensdyk, Groenekan, Hollandsche Rading en Westbroek.

Martensdyk is ûntstien yn in grut feangebiet tusken It Goai en de Utertse Fecht, dat it "Eastfean" neamd waard. Yn de 15e iuw dûkte de namme Martensdyk foar it earst op, as in wetterwurk yn dat Eastfean. De delsetting dy't der yn de neikomende jierren omhinnegroeide krige op it lêst deselde namme. De gemeente besloech yn it earstoan hast it hiele Eastfean.

Oarspronklik wie Martensdyk in lintdoarp by de Doarpswei lâns (dy't nei de ferfeanting fan it gebiet noch "de Sint Martensdyk" neamd waard). Dy dyk wie ien fan de ûntginningsassen yn it ûntgûne feangebiet. Letter is it doarp sterk yn súdlike rjochting útwreide, wêrtroch it syn lintfoarm ferlern hat. Dochs is der nea in echte buorren ûntstien.

Boargemasters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]