Springe nei ynhâld

Westertsjerke (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Westertsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Beginestrjitte 59
koördinaten 53° 12' N 5° 47' E
Tsjerklike gegevens
status net mear yn gebrûk as tsjerke; tsjintwurdich in kultureel sintrum
Arsjitektuer
boujier begjin 16e iuw, noardlik skip 17e iuw
boustyl Oarspronklik goatyk, klassisistyske tafoegings
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24436 [1]
Webside
Side 'Westertsjerke'
Kaart
Westertsjerke (Ljouwert-Binnenstêd)
Westertsjerke

De Westertsjerke is in let-midsiuwsk tsjerkegebou yn it sintrum fan Ljouwert. Fan 2006 oant 2015 wie Poppoadium Romein yn it gebou fêstige. Tsjintwurdich (2023) is it in kultureel sintrum.

De oarsprong fan de Westertsjerke leit yn it Sint-Annakleaster, in kleaster fan de grouwe beginen. Dat kleaster stie ea yn 1460 bûten de stêd op de terp Fiswert, likernôch op it plak fan it âlde tsjerkhôf oan de Spanjertsleane. Fan it kleaster is fjierder net in soad bekend, mar de troch de stedsbewenners tige wurdearre beginen hiene foar 1500 in soad te lijen fan kriich en ûnrêst en ferhûzen yn 1510 nei in feiliger plak binnen de stedswâllen, dêr't tusken de Grutte Tsjerkstrjitte en de Nijstêd noch in ridlik grut diel fan de grûn noch net bewenne wie. Oan de noardlike kant fan de Beginestrjitte ferriisde in grut kleaster mei in ienskippige kleastertsjerke.

De tsjerke op in gevelstien
Dekoraasje oan it 17e iuwske súdwestlike portaal

Mei de ynfiering fan de reformaasje yn de stêd waarden alle kleasters en kapellen sletten en op it fieren fan de roomske mis it near lein. It stedsbestjoer keas foar de nije kalvinistyske lear en stie fan dat momint ôf allinnich noch mar grifformearde tsjinsten ta. Dat betsjutte lykwols net dat de befolking massaal ôfskie naam fan it katolike leauwen en boppedat wiene der ek noch in grut tal minnisten. Om't in soad minsken net nei de grifformearde tsjinsten ta koenen, koe de stêd wol mei minder tsjerken ta. De tsjerke fan it Annakleaster kaam leech te stean en it gebou waard brûkt as pakhûs, brouwerij, fan 1609 oant 1614 as tichthûs en dêrnei as teäter foar it selskip "Och mochtet rijzen".[2] De kleastergebouwen waarden troch de iuwen hinne, útsein it patershûs westlik fan de tsjerke, ien foar ien ôfbrutsen.

It ynterieur fan de tsjerke nei it noardeasten ta (1960)

Fan 1637 oant 1643 waard it gebou wer geskikt makke foar de grifformearde earetsjinst, om't de besteande protestanske stedstsjerken it tanimmende tal tsjerkegongers net mear oan koene. Ut dy tiid stamt ek de namme "Westertsjerke". In lytse fjirtich jier letter waard de tsjerke fergrutte mei in twadde skip oan de noardlike kant. De tsjerke waard in populêr plak om begroeven te wurden. Doe't foar de ferbouwing fan de tsjerke ta teäter yn de jierren 1990 de flier iepenbrutsen waard kamen der sa'n 280 diels monumintale grêfsarken oan it ljocht.[3]

Yn de earste helte fan de 19e iuw ûndergyng de tsjerke noch in grutte ferbouwing ûnder lieding fan de arsjitekt Thomas Romein. De twa kapen fan de tsjerke waarden ferfongen troch ien kape, nije finsters waarden ynbrocht. By de ferbouwing sneuvele ek it tuorke op it dak fan de tsjerke, mar de 17e iuwske portalen bleaune beholden.

Sluting fan de tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ûntfolking fan de binnenstêd en de ôfnimmende tsjerkegong nei de Twadde Wrâldkriich soargen ek foar legere banken yn de Westertsjerke. Yn 1983 waard de tsjerke sletten. De ôfbraak drige foar de midsiuwske tsjerke, mar de gemeente wegere in fergunning ôf te jaan. Yn 1992 iepene it gebou de doarren wer as Teäter Romein, dat ferneamd wie nei de arsjitekt dy't de tsjerke yn de 19e iuw ferboude. In diel fan it ynterieur bleau by de ferbouwing sparre; de 17e iuwske preekstoel kaaam yn 1998 nei in restauraasje wer yn it gebou werom.[4]

Efkes nei't yn de Galileërtsjerke troch de bruorren van Dam in nij oargel boud wie, krige ek de Westertsjerke yn 1847 in nij oargel fan dy Ljouwerter oargelbouwers. Beide oargelfronten stiene model foar lettere Van Dam-oargels. Spitigernôch bleau gjint fan de oargels foar Ljouwert bewarre. De Galileërtsjerke waard ôfbrutsen en it oargel krige letter in plak yn de herfoarme tsjerke fan it Siuwske Tholen, wylst it oargel fan de Westertsjerke nei it sluten fan de tsjerke slachtoffer van fandalisme wie en 30% fan it piipwurk fernield waard. It oargel, dat Jan Jongepier as "uterst weardefol en geef bewarre" omskreaun hie, waard doe demontearre en út de sletten Westertsjerke helle. Sûnt dy tiid leit it Van Dam-oargel yn de Grutte Tsjerke opslein, yn de hope dat it ea wer in nije bestimming kriget.[5]

It lot fan de grêveflier yn de Westertsjerke is net minder tryst. By de ferbouwing fan de tsjerke ta teäter waard de hûndertfyftich jier âlde flier iepenbrutsen. De 280 grêfsarken dy't der ûnder leine waarden ferwidere. Troch it der oer hinne rinnen, it fersakjen en it transport rekke mannich sark skeind of brutsen. Tachtich sarken, dêrûnder ek monumintale sarken, ferdwûnen sels. Foar de sarken dy't oerbleaune nei de opslach op it terrein fan Skinkeskâns is in grêfheuvel yn it Ljouwerter bosk opsmiten, dêr't de sarken oan de eleminten bleat steld wurde en stadichoan fergruzelje.[6][7]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonuminten
  2. Mensen in en om de Grote Kerk, J.J. Kalma, ISBN 90 606 0462 0
  3. Kerk en Orgel
  4. If then is now
  5. Vijf eeuwen Friese Orgelbouw (Een schoone voorraad waarlyk), Jan Jongepier ISBN 90-33011-99-9
  6. Histoarysk Sintrum Ljouwert
  7. Digibron