Blitsaerd Keimpe
Appearance
Blitsaerd Keimpe (maaie 1956) wie in ferneamde bolle út de swartbûnt-fokkerij.
Blitsaerd Keimpe kaam fan de fokstâl fan Sj. R. Brandsma fan Lekkum. Yn it foarjier fan 1957 gie er nei de k.y.-feriening Hollânsk Noarden yn Schagerbrug. It Nederlânsk Rundfee stamboek ûnderskiede him yn augustus 1964 mei it fokpredikaat "preferint twadde klasse", yn septimber 1968 "preferint earste klasse". It Frysk Rundfee Stamboek, eare de bolle postúm yn septimber 1974 mei it heechste fokpredikaat yn Fryslân: "preferint A".
Oant en mei 1970 waarden fan him 219 soannen as k.y.-bolle brûkt. Dat is mear is in komplete jiergong k.y.-bollen. Dêrneist waarden in soad pakesizzers fan Blitsaerd Keimpe yn de fokkerij brûkt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|