Springe nei ynhâld

Wim Hora Adema

Ut Wikipedy
Wim Hora Adema
Wim Hora Adema (1981)
Wim Hora Adema (1981)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne1914
berteplakHuzum
stoarn1998
stjerplakAmsterdam
wurkpaad
berop/amtSjoernaliste, skriuwer
reden
  bekendheid
Feministysk aktivist
meioprjochter tydskrift Opzij
prizenHarriët Freezerring (1992)

Wilhelmina Remelia (Wim) Hora Adema (Huzum, 14 july 1914 - Amsterdam, 10 desimber 1998) wie in Nederlânsk sjoernaliste, skriuwster en feministe.

Adema begûn har karriêre as ûnbetelle wurker by it de Amsterdamske liberale krante Algemeen Handelsblad; yn 1939 waard se beneamd ta redakteur fan de lanlike seksje. Dêr wurke se oant 1941, doe't se ûntslach naam út protest tsjin de anty-joadske maatregels dy't op de krante naam wiene. Under de Twadde Wrâldoarloch wie se warber yn it Nederlânsk ferset, dat har yn 'e kunde brocht mei de groep dy't Het Parool, in yllegale krante, publisearre.

Fan 1948 oant 1968 hie se de lieding fan de Frouljusside fan deiblêd Het Parool, dêr't bekende persoanen oan meidiene lykas Hella Haasse, Mies Bouhuys, Harriët Freezer, Lidya Winkel, Wina Born, Fiep Westendorp en letter ek Hedy d'Ancona en Jeanne Roos. In heech kreatyf nivo gie mank mei in emansipatoaryske ynhâld, wêrmei't Wim Hora Adema it paad sljochte foar de twadde feministyske weach.

Sy wie yn 1972 tegearre mei Hedy d'Ancona oprjochster fan it tydskrift Opzij.

  • Wim Hora Adema, red.: Dag ouwe tijd (fraachpetearen). Assen 1972
Boarnen, noaten en/as referinsjes: