Springe nei ynhâld

Aebingastate (Huzum)

Ut Wikipedy

De Aebingastate, (ek: Abbemahûs of Abbinga State) is in eardere state en stie súdeast fan Huzum, yn de gemeente Ljouwerteradiel. Dêr lizze no it Aebingapark en it Drachtsterplein.

De Aebingastins wurdt foar it earst om 1400 neamd as in Abba Abbingha hjir wennet. Yn 1511 wie it yn besit fan Hessel fan Abbingha (of Abbema) dy't de state werboude nei de ferwoasting yn 1498.

De eallju dy't yn de himrik fan Huizum wennen, stienen yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers meast oan de kant fan de Skieringers. Yn 1419/1420 waard Huzum platbaarnd troch de Ljouwerters. Yn 1481 slagge it de Skieringers om Ljouwert te plonderjen. Yn datselde jier waard de frede wer tekene, mar dy duorre net lang. By it Bieroproer yn 1487 foelen de Skieringers opnij de stêd binnen. De Skieringer Worp Lieuwes Juckema bestjoerde dêrnei Ljouwert oant de Saksyske hartoggen it bewâld oernamen. Dêrnei waarden yn 1498 in soad stinzen yn de omjouwing fan de stêd ôfbrutsen om mei it sloopmateriaal de wâlen fan Ljouwert te fersterkjen en der in blokhûs yn de stêd mei te bouwen.

By de wurksumheden oan it Drachtsterplein yn Ljouwert binne yn 2012 resten weromfûn fan de âlde Abbingastate. It giet om parten fan de muorren en de damwand, mar ek om bygelyks potten en pannen.

Bewenners
  • ± 1400 Abba Abbingha
  • 15e iuw Lutze Abbama / Abbingha
  • 15e iuw Hessel Abbama troud mei Wick Oenema
  • 14xx - 1506 Keympe Abbema (ek neamd Keympo Abbis)
  • 1506 - 1550 Hessel Abbama / fan Abbingha
  • 1550 - 1577 Wick fan Aebinga troud mei
  • 1577 - 1581 Gosse Epes fan Douma
  • 1581 - 1607 Epo fan Douwma, soan fan Wick en Gosse
  • 1608 - 1620 Thet fan Douwma, troud mei Sydts fan Botnija
  • 1623 Hessel fan Bootsma, troud mei in dochter fan Thet en Sydts
  • 1624 - 1627 Sijdts fan Botnia, soan fan Sydts en Thet
  • 1628 - 1640 Jan Kingma
  • 1641 Wiglius fan Aytta, ferhiert it oan Abraham van Schurman
  • 1642 - 1650 Abraham van Schurman en Maria van Vierssen
  • 1652 - 1681 Abraham van Schurman en Aemilia van der Haer
  • 1681 - 1731 Johan Abraham van Schurman en Jacoba Gercama
  • 1731 - 1752 Abraham Frederik van Schurman
  • 1752 - 1763 Albertus Emilius Lamoraal Rengers
  • 1763 - 1781 Wilhelmina Frederica van Unia, wed. Rengers
  • 1781 - 1785 Iskjen Catharina Bourboom, wed. W.A. van Sloterdijck
  • 1785 - 1815 Jacob Frederik van Sloterdijck
  • 1815 - 1832 Iskjen Catalina van Sloterdijck
  • 1832 state wurdt ferkocht
  • 1859 state wurdt ôfbrutsen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Ronald Elward en Peter Karstkarel - Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland
  • Rients Faber - Tusken Potmarge en Jokse diel 1 fan (1993)