Bieroproer
It Bieroproer wie in gewelddiedich konflikt yn Ljouwert yn de partijtiid, it tiidrek út de Fryske skiednis dêr't Fryslân tige te leien hie fan de ûnderlinge twisten tusken Skieringers en Fetkeapers. It konflikt wie oanlieding foar de Skieringer partij om de stêd yn te nimmen
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maaie 1487 wied der in ein kaam oan it Trijestêdebûn dat foar in oantal jierren frede soarge hie yn Westerlauwersk Fryslân. In rige fan nije konflikten bruts út tusken de Skieringen en Fetkeapers. Ljouwert en Boalsert dy't ûnder ynfloed fan de Fetkeapers stienen kamen tsjinoer Snits en Frjentsjer te stean.
In oantal jierren tebek, yn 1481 wienen meente en gilde fan Ljouwert deryn slagge om in ein te meitsjen oan de supremasy fan de haadlingen oer de stêd en ferwurven sels grutte ynfloed op it stedsbestjoer. It gefolch dêrfan wie dat de polityk fan Ljouwert fan dat stuit ôf yn wichtige mjitte foarskreaun waard troch it ekonomysk belang fan dizze stêd. Sa waard it ferbean om bier fan bûten de stêd yn te fieren en te konsumearjen. Doe't yn 1487, troch inkele plattelanners dy't de stêd besochten dat ferbod oertrêden waard en sy Haarlims bier dronken, dêr't efterôf fan bliken die dat it fan in folle bettere kwaliteit wie as de eigen (siltige) bier, ûntstie der spul mei in pear kroechbazen.
It sinnige de kroechbazen net dat oar bier dronken waard en sy feroarsaken in fjochtpartij dy't bot út de hân rûn. De plattelanners flechten nei it Amelânhûs fan haadling Piter Cammingha dat dêrop belegere waard troch in grut oantal ynwenners út de stêd. Cammingha rop de help fan syn Skieringer freonen yn dy't mei in grutte legermacht ûnder lieding fan Worp Juckema Ljouwert oanfoelen.
Twa oanfallen waarden troch de boargerij ûnder lieding fan âlderman Piter Sybrands Auckama ôfslein. Doe foelen de Skieringers Ljouwert fan it easten út oan. Dat gong in stik makliker om't dêr noch net in grêft en stedswallen oanlein wienen.
Neidat Ljouwert troch de Skieringers ynnomd wie, waard it plondere en rike boargers foar losjild finzen set yn Snits. Auckama en in oantal fan syn meistanners waarden deaslein. Juckema krige it foar it sizzen oer de stêd en hat blykber in oantal jierren in wier skrikbewâld oer de stêd fierd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|