Piter Sybrands Auckama
Appearance
Piter Sybrands Auckama, mei bynamme De Pincert (Ljouwert, ±1440 - dêre, 1487), wie in Frysk jurist.
Piter wie ien út de eale famylje Ackema en soan fan âldermannen Sybrandt Pieters († 1461). Syn suster Sibbel troude mei Sybeth Sybethsma.
Yn de tiid fan it Bieroproer wie hy âlderman yn it Fetkeaperske diel fan Ljouwert. Hy woe tajaan oan de Skieringer easken, mar stoar as ien fan de earsten. It Sint Jobslien soe yn ferbân mei syn dea ynsteld wêze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|