Utjouwerij Wijdemeer

Ut Wikipedy
Utjouwerij Wijdemeer
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Dokkum
oprjochte 2012
oprjochter Louw Dijkstra
eigner Louw Dijkstra
offisjele webside
www.wijdemeer.nl

Utjouwerij Wijdemeer (offisjele namme: Uitgeverij Wijdemeer) is in Fryske útjouwerij dy't fêstige is oan it Suderbolwurk yn Dokkum. It bedriuw waard yn jannewaris 2012 oprjochte troch Louw Dijkstra, dy't foartiid as redakteur by Utjouwerij Bornmeer wurke. Wijdemeer jout foar it meastepart non-fiksje út.

Wijdemeer presintearret him as in "kompakte en fleksibele útjouwerij", mei lege overheadkosten en in tige effisjinte bedriuwsfiering. De útjouwerij makket optimaal gebrûk fan 'e moderne kostebesparjende mooglikheden yn 'e grafyske technyk. Wijdemeer jout boeken út foar partikulieren, ynstellings, ferienings, oerheden en bedriuwen.

De útjouwerij lit him foarstean op in grut netwurk oan auteurs, redakteurs, oersetters, foarmjouwers, yllustrators en drukkers, en ûnderhâldt in formele partnerskip mei de Dokkumer Drukkerij Douma. Wijdemeer kin boeken tsjin in skerpe priis yn lytse oplagen publisearje. Ek is it mooglik om gjin boek, mar bgl. in e-book, app of dvd te meitsjen en út te bringen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: