Louw Dijkstra

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Louw Dijkstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Louw Dijkstra
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 1958
berteplak Fryslân
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt útjouwer
jierren aktyf 1980-er jierren – no
offisjele webside
www.wijdemeer.nl

Louw Dijkstra (Fryslân, 1958) is in Frysk útjouwer.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dijkstra studearre oarspronklik ôf as teolooch, mar fûn wurk as oersetter. Nei't er jierrenlang yn dy funksje aktyf west hie, rjochte er yn 1995 yn 'e mande mei Robert Seton Utjouwerij Bornmeer op. De folgjende tsien jier wurke Dijkstra mei oan 'e opbou fan in fûnskatalogus mei jonge Frysktalige skriuwers, oersettings út 'e wrâldliteratuer nei it Frysk, de berneboekerige Nijntje yn it Frysk en non-fiksje op alderlei mêd.

Yn 2005 fusearre Bornmeer mei Steven Sterk Utjouwerij, dy't noch mear rjochte wie op oersettings nei it Frysk. Dijkstra wie aktyf as útjouwer-redakteur foar Bornmeer. Op 9 jannewaris 2012 rjochte er syn eigen útjouwerij op, mei as namme Utjouwerij Wijdemeer. Dy is fêstige yn Dokkum en rjochtet him benammen op non-fiksje yn beheinde oplagen, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: