Springe nei ynhâld

Mûzefalk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûzebiter)
mûzefalk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai mûzefalken (Buteo)
soarte
Buteo buteo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De mûzefalk of mûzebiter (Buteo buteo) is ien fan de meast foarkommende rôffûgels yn Nederlân. Hy bliuwt dêr ek it hiele jier troch. Yn de winter binne yn Nederlân ek mûzefalken út Skandinaavje te finen. De 51-57 sm grutte fûgel kin ferskate kleuren hawwe, fan hielendal brún oant en mei in frij ljochte fûgel mei in protte wite fearren. Troch de fariaasje oan kleuren kin de mûzefalk maklik ferwiksele wurde mei de Rûchpoat en de Wapseglee.

De mûzefalk sweeft boppe syn jachtgebiet op 'e syk nei proai. At er wat te iten sjocht dûkt er der boppe-op. Lykas by in protte oare rôffûgels bestiet it iten fan de mûzefalk meast út mûzen. Dêrneist yt de mûzefalk ek wol oare proaien fan deselde grutte, lykas hagedissen en lytse fûgels.

De mûzefalken bouwe sels in nêst yn in beam. Dat nêst brûke se faker dat it kin in grut bouwurk wurde. Beide âlden briede op de 2-3 aaien, it wyfke wol it meast. Nei 30-35 dagen komme de jongen út, dy't sa'n 40 dagen op it nêst bliuwe. As der troch de âlden net in protte iten brocht wurdt, sil it lytste jong it faak net helje.

Fleanende mûzefalk.
Mûzefalke-aaien.