Springe nei ynhâld

Huningfalk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wapseglee)
huningfalk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai huningfalken (Pernis)
soarte
Pernis apivorus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De huningfalk, hunichfalk, wapsebiter of wapseglee, wittenskiplike namme: Pernis apivorus, is in rôffûgel út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae), ûnderfamylje huningfalkfûgels. Fanwege harren fuorkar foar waspen boppe (bije)huning is de namme ‘wapsebiter’ eigentlik better as ‘huningfalk’; de huningfalken binne ek net besibbe oan de (eigentlike) falken.

De huningfalk is likernoch sa grut as in mûzefalk: 50-60 lang mei in wjukspanwiidte fan 120-140 cm. De mantjses binne in bytsje lytser as de wyfkes. De fûgel hat betreklik lytse poaten, lange wjukken dy’t by it fleanen in rûne foarm hawwe. De snaffel is slank en de kop is mei beskermjende skobbige fearren bedekt, foaral rûnom de eagen.

De soarte komt foar in Jeropa, útsein de noardwestrâne (Ierlân, Skotlân, Noarwegen), en West-Sibearje. Hy libbet meast in boskige gebieten en oerwintert yn Midden- en Súd-Afrika. Yn Nederlân briede sa’n 400 pearen (2013-2015), yn de boskige gebieten fan it lân. Yn Súdeast-Fryslân briede nei alle gedachten sa’n 10-20 huningfalkpearen jiers. Se komme heal maaie en gean yn augustus-septimber wer fuort. Tusken in pear hundert en maksimaal 2000 fûgels tsjen jiers troch. De populaajse is min of mear stabyl en de soare stiet net op de Nederlânske Reade list fan fûgels.

De itensfoarsjenning fan de huningfalken is bysûnder foar de rôffûgels. Se fuorje har mei wapsen, holders en huningskiven, en bûten it briedgebiet ek mei oare ynsekten, kikkerts, reptilen en lytse fûgels en sûchdieren. De fûgels sykje wapsenêsten en grave se dan út, wêrby se harren eagen tichtdwaan om se te beskermje tsjin de poere waspen. Se nimme de útgroevene waspenêsten mei nei harren eigen nêst, wêr se de larven, poppen en skiven ite en oan harren jongen fuorje.

.

De soarte huningfalk (Pernis apivorus) is monotypysk, d.w.s. dat der gjin ûndersoarten binne. De Easterske huningfalk of 'toefhuningfalk' (Pernis ptilorhychus) en harren ûndersoarten wiene (en binne soms noch) wol as ûndersoarte fan de (Jeropeeske) huningfalk (Pernis apivorus) beskôge.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]