De Kletten

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Kletten is in buorskip, en de namme fan in wei, oan de noardwestrâne fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân. De namme komt ek foar as Kletten en yn de strjitnammen Kletten en de Kletsterleane en it wetter Kletsterfeart.

De buorskip hearde feitlik ta de himrik fan De Pein, mar lei tsjin de doarpsgrins mei Noarder Drachten oan.

Untstean fan de namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kletten of klitten binne turfkluten. Ein 16e iuw waard de turf út Folgerster feanen, noardeastlik fan De Folgeren, ôffierd fia de Noarder-Dracht, letter Burmaniasleat neamd, en opslein op it plak dêr't De Kletten ûntstie.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. * Jolt Oostra Rzn: ‘Drachtster namen’, toponymie van Drachten, 1997