Bûtenstfallaat

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Bûtenstfallaat

Bûtenstfallaat is in buorskip yn de gemeente Smellingerlân. Bûtenstfallaat leit yn it fierste westen fan Drachten oan de Nije Drait en de Drachtster Feart. Der stean sa'n 20 pânen, de bedriuwen meirekkene.

Bûtenstfallaat hat in grutte jachthaven en eartiids waarden der skûtsjes boud. Foaral de werf fan de bruorren Roorda oan it Moleneind en de werf fan de famylje Van der Werff wienen ferneamd om de kwaliteit fan de skûtsjes. Noch altyd stride dy Piipster en Bûtenfallaatster skûtsjes yn de foarein by it skûtsjesilen.

De skutslûs (ferlaat) en it slûswachtershûske dêre, binne ryksmonuminten.

Oan de eastkant fan de buorskip lizze de fuotbalfjilden fan de Drachtster Boys en de westkant grinzget, oarekant fan de jachthaven, oan de wenwyk De Sâning dy't offisjeel by De Wylgen heart.

Bûtenstfallaat lei oarspronklik hielendal los van Drachten, mar troch de groei fan Drachten oan de ein fan de 20e en it begjin fan de 21e iuw (wenwyk Drachtster Feart) sit de buorskip no oan Drachten fêst.

 
Wiken en buerten yn Drachten
Flagge fan Drachten
Wiken: De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen: BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
Flagge fan de gemeente Smellingerlân
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren