Springe nei ynhâld

Feanhoopfestival

Ut Wikipedy
Feanhoopfestival
Veenhoopfestival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak De Feanhoop
tiid fan it jier begjin augustus
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 1951 – no
org. troch Stifting Doarpsfeesten
   De Feanhoop
offisjele webside
www.veenhoopfestival.frl

It Feanhoopfestival (Nederlânsk en offisjeel: Veenhoopfestival) is in muzykfestival yn it Fryske doarp De Feanhoop, yn 'e westlike punt fan 'e gemeente Smellingerlân. It duorret fjouwer dagen, fan freed oant en mei moandei, en beskikt oer in eigen kampearterrein dêr't de festivalbesikers oernachtsje kinne. Dit evenemint, dat foar it earst holden waard yn 1951, is ien fan 'e âldste popmuzykfestivals fan Fryslân. It wurdt elts jier holden yn begjin augustus, yn it earste wykein fan it SKS-skûtsjesilen. Yn 2018 wiene de kaartsjes foar it Feanhoopfestival foar it earst yn 'e skiednis fan it evenemint al yn 't foar folslein útferkocht.

It Feanhoopfestival giet werom op in barren yn 1951, doe't de pleatslike kuorbalferiening Altyd Kwyk oprjochte waard mei in feest fan twa dagen. Dat feest befoel sa goed, dat men besleat der in jierliks weromkearend evenemint fan te meitsjen. De Stifting Doarpsfeesten De Feanhoop waard oprjochte om 'e organisaasje te bewurkmasterjen. Fan dy tiid ôf groeide it festival elts jier grutter. It waard yn hiel Fryslân ferneamd troch optredens fan ynternasjonale artysten as Boney M, Joe Cocker, Electric Light Orchestra, Meatloaf en Status Quo. It hichtepunt fan it feest wie hast fjirtich jier lang elts jier wer it optreden fan 'e Achterhoekske rockband Normaal. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw moast it Feanhoopfestival it dwaan mei in line-up fan minder ferneamde artysten, om't ynternasjonale bands en muzikanten net mear te beteljen wiene. En de optredens fan Normaal holden yn 2015 op, doe't sjonger Benny Jolink it fysyk net mear oankoe.

It Feanhoopfestival waard fierders berucht om it soarte besikers dat der op ôf kaam. Neffens Jan Feikema, dy't yn 2014 foarsitter fan 'e organisearjende stifting waard: "In bytsje rûch folk, de bou en de boeren." Der waard in ûnbidige soad dronken en smookt, en oan 'e ein fan 'e jûn wie it jierrenlang wizânsje dat de jonges en jongemannen inoar yn 'e feesttinte de T-shirts yn stikken fan it liif skuorden om dêr in grut springtou fan te meitsjen. Dêr waard dan yn dronken tastân mei toutsjesprongen. Ek waard der in soad mei bier smiten. Tsjin 'e tiid dat Feikema foarsitter waard, wie it safier kommen dat guon minsken it Feanhoopfestival begûnen te mijen om't it harren te mâl gie. En dat wie gjin ynbylding, want der wie geregeldwei ien dy't in ankel ferstûke of dy't in pols briek. Dat der minsken fuortjage waarden, wie foar it bestjoer net akseptabel, dat ûnder lieding fan Feikema waarden der foar it earst regels ynfierd dêr't alle besikers har oan hiene te hâlden.

Sadwaande waard yn 2014 it near lein op it 'toutsjespringen'. T-shirts dy't op 'e flier fan 'e tinte leine, waarden fan doe ôf oan daliks opromme. En fan oarmans klean moast men tenei alhielendal ôfbliuwe. Yn 2018 liet de organisaasje mei in knypeach nei it Me Too-skandaal T-shirts drukke mei de tekst: "Bliuw my fan de bealch ôf! #ikkenet". In oare regel wie dat bierfleskes op it festivalterrein net mear tastien wiene; fierstente riskant, mei al dat glês, fûn it bestjoer, en de doppen wiene te dreech op te rêden. De lju moasten mar bier yn blikjes meinimme. Fierders waard der op it kampearterrein in systeem fan boarchbetellings ynfierd, dat útinoar rûn fan 150 foar in grutte tinte of boat oant €50 foar meubilêr en €10 foar in matras. Dêrmei besocht de organisaasje foar te kommen dat de lju har eigen spul lizze lieten, of, slimmer noch, yn 'e brân stieken, wat foarhinne nochalris barde. Ek jildt der anno 2018 in smookferbod yn 'e feesttinte en by de bar, op lêst fan 'e Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA), dy't by oertrêdings boetes fan tûzenen euro's útskriuwt, net oan 'e oertrêder, mar oan 'e organisaasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haagsma, Jacob, De Regels voor de Veenhoop-pret, yn: de Ljouwerter Krante, 3 augustus 2018, s. 3.
  • Huisman, Anneke, et al. (red.), Veenhoopfestival: Podiumbeesten, Trekpaarden, Feesthopers, Venters en Feestgangers, De Feanhoop, 2011 (Stichting Doarpsfeesten De Veenhoop en Catvision), gjin ISBN.