Drachtster Kompenije
Drachtster Kompenije | ||
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.525 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 9223 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 8′ NB, 6° 8′ EL | |
Offisjele webside | ||
hiemside fan it doarp | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Drachtster Kompenije yn de gemeente Smellingerlân |
Drachtster Kompenije of De Kompenije is in doarp noardeast fan Drachten yn 'e gemeente Smellingerlân. Under it doarp falle ek de buorskippen Luchtenfjild, Puntpeal en in part fan De Skieding.
Yn 'e Kompenije wenje 1.525 (1 jannewaris 2023)[2] minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kompenije ferwiist nei de Keulske magnaten, dy't om 1570 it fean tusken De Like en Drachten kochten en dy "compagniesvenen" mei de Grinslânske famylje Ewsum as fennoaten oanmakken foar de turfwinning.[3] Yn de notariële oprjochtingsakte fan 1772 waard foar it earst skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. Oan de lange rjochte stikken lân, de wiken en de elzesingels falt de skiednis fan de ferfeanting noch ôf te lêzen. It graven fan turf barde tusken de 17e iuw oant midden 19e iuw. Dêrnei waard de grûn ta greidlân makke. Yn 'e earste helte fan de 19e iuw ûntstie stadichoan in buorren. Yn 1834 waard de earste iepenbiere skoalle boud, dy't yn 1898 ferfongen waard troch yn nijenien mei fjouwer lokalen. Yn 1850 krige de Nederlânsk-herfoarme gemeente in eigen tsjerke. Dy baarnde yn 1979 ôf, mar waard doe al net meer as tsjerke brûkt.
Yn 1900 krige it doarp in lyts partikulier molkfabrykje oan de Siktaris Eringawyk. Oan 'e noardlike kant fan de Marrewyk oan 'e Fallaetswei folge yn 1908 de bou fan in grutte molkfabryk, dy't yn 1915 it partikuliere molkfabrykje fan 'e Rottefalle oernaam. It molkfabryk hold it oant 1933 fol, doe't Burgum de produksje oernaam.[4]
Troch de De Kompenije lei sûnt 1913 de trambaan Drachten-Grins. Nei de Twadde Wrâldkriich namen bustsjinsten fan de NTM fan de tram it reizgersferfier oer, mar noch oant healwei de jierren 1980 bleau it 'Philipslyntsje' iepen foar frachtferfier.[5]
Op 8 septimber 1941 waard om 04:58 oere in Britske tastel troch de Oberstleutnant Helmut Lent delsketten, dat ûnderweis nei Berlyn wie om dêr in bombardemint út te fieren. It tastel stoartte del yn 'e Kompenije. Alle seis manlju fan it RAF-tastel kamen om en binne op it tsjerkhôf fan 'e Kompenije beïerdige.[6]
Sûnt healwei de jierren 1970 is it doarp oan wjerskanten fan 'e Tsjerkebuorren foars útwreide mei nijbou.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat sûnt 1933 in feriening foar Pleatslik Belang, dat de doarpskrante De Barte útjout. Oan de Smidswei waard yn 2022 by it sportpark it multyfunksjoneel sintrum It Trefpunt iepene, dêr't de skoalle, de sportaktiviteiten en it doarpshûs ûnderbrocht binne.[7]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferieningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sportferienings binne ûnder de koepel Troch Freonskip Sterk ûnderbrocht. Der is ek in kommisje foar de Skoal- en Doarpsfeesten.
|
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2012 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 374 | 1240 | 1119 | 1044 | 968 | 971 | 1200 | 1172 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 1137 | 1172 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Nicolaas Sevenster (1900-1991), teolooch
- Heine Keuning (1918-2005), politikus
- Heine van der Molen (1911–1998), skriuwer
Wapen en flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De noardeast/súdwest rinnende wiken fan De Kompenije wurde foarsteld troch de sulveren skeanbalke op in blauwe ûndergrûn. Op de skeanbalke steane trije reade turven as symboal fan de turfgraverij. Oan de Smidwei yn it doarp stiet in monumint mei trije turven. De turf dy't hjir stutsen waard wie de saneamde lange turf en wie brún fan kleur. Om't brún neffens wapensaakkundigen gjin winske kleur is en read dêr tichtby leit, hawwe de turven dy kleur krigen. Boppedat symbolisearret de reade kleur de heechfeanheide. De gearwurking yn it ferline as kompanjons om it heechfean ôf te graven en de lettere gearwurking fan boeren yn koöperaasjes (it koöperative molkfabryk dy't yn it doarp stie) wurdt sinnebyldich foarsteld troch it frijkertier fan read en goud, lofts skean dield troch in saneamde klaversneed. De klaver is yn 'e Fryske heraldyk it symboal foar greidebesit en de dêroan ferbûne feehâlderij. It goud/giel stelt de sângrûn foar en it read de heide, dy't no ferdwûn is. By spesifike doarpsaktiviteiten wurdt de Kompenijster flagge útstutsen.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Drachtster Kompenije.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ruurd Verbeek "Het Compagniester Verlaat" (2015)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |