Springe nei ynhâld

Eibertsgeasten

Ut Wikipedy
Eibertsgeasten
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Plak Aldegea
Nyegea
Kaart
Eibertsgeasten (Fryslân)
Eibertsgeasten

Eibertsgeasten is in buorskip ûnder Nyegea yn de gemeente Smellingerlân. Hy leit yn it suden fan de himrik, súdeastlik fan Aldegea en súdwestlik fan De Pein yn de polder Nijegeaster Finnen. East fan Eibertsgeasten leit de haven en suveringsynstallaasje fan Drachten.

De âldste fermelding is, foar safier bekend, yn 1664 wannear't it as Egberts Gaesten fermeld waard. Yn it begjin fan de 18e iuw waard it plak fermeld as Egberts Gaatsen en in iuw letter komt ek de beneaming De Gaasten njonken Egbertsgaasten foar.

Yn 1943 binne yn in grêfhichte by Eibertsgeasten oerbliuwsels fan de Steanfoetbekerkultuer út de Brûnstiid fûn. Yn 1989 en 1990 binne der troch it Frysk Museum opgravingen dien yn de buorskip wêrby't in Mesolitysk kampemint bleatlein waard, dêr't mei oantoand waard dat it gebiet earder alris bewenne wie, yn de middenstientiid.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gildemacher, Karel F.(2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.
Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
· · Berjocht bewurkje