Heine van der Molen
Heine van der Molen (Drachtster Kompenije, 6 juny 1911 – Doorn, 20 july 1998), wie in Fryske yngenieur en skriuwer.
Yngenieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Molen waard berne yn Drachtster Kompenije as soan fan Ludzer van der Molen en Tryntsje Keuning. Yn 1935 slagge er as lânboukundich yngenieur oan de Lânbouhegeskoalle yn Wageningen. Hy wie dêr lid fan it Wageningsk Studinte Selskip.
Fan 1938 oant 1942 wurke hy as kultuerkonsulint fan de provinsje Gelderlân. Tusken 1942 en 1954 wie hy rykslânboukonsulint foar Súdwest Fryslân en direkteur van de Rykslânbouwinterskoalle yn Snits. Dêrnei waard hy as opfolger fan Kees Boudewijn direkteur fan it Landbouw Bureau fan de 'Nederlânske Stikstofmeststoffenindustrie'. Mei befreone lânboukundigen as Hindrik Falkena, Eppe Mulder en Pieter van Burg krewearre hy foar mear stikstofstruien op de Fryske greiden. [1]
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn boek Geschiedenis van de Friese landbouw 1945-1980 beskreau er de ferskuorrend flugge ûntwikkeling fan de Fryske lânbou fan nei de oarloch. Yn alve haadstikken beskreau er de fuortsetting fan de Fryske lânbou op it mêd fan stamboekfokkerij yn de feehâlderij oant it bouwen fan setters troch jirpelboeren.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Geschiedenis van de Friese landbouw 1945-1980’’ (1983) útjouwer: Friese Maatschappij van Landbouw ISBN 9789033013331
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|