Heine Keuning

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Heine Keuning (Drachtster Kompenije, 19 septimber 1918 - Rottefalle, 8 febrewaris 2005) wie in ûnderwizer, politikus en Frysk beweger.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heine Keuning wie in soan fan smid Jurjen (Drachten) en Maaike Keuning (Feanwâlden). Hy troude yn 1946 mei Jeltje Bron. Sy krigen trije soannen en in dochter.

Hy folge de Rykskweekskoalle foar ûnderwizers yn Drachten, oant 23 juny 1937; dêrnei helle de akte Lânbou LU en de akte Frysk LU. Keuning wie ûnderwizer oan de Iepenbiere legere skoalle yn De Westerein, De Pein, Sibrandabuorren oant 1953 en haad fan Iepenbiere legere skoalle yn Rottefalle fan 1953 oant juny 1978 (betiid mei pinsjoen). As ûnderwizer wie Keuning belutsen by earste twatalige (Frysk en Nederlânsk) proefskoallen. Hy krewearre foar it Frysk yn it generaal; wie bestjoerslid fan it "Frysk Utjefte Founs", haadredakteur fan tydskrift De Stiennen man, foarsitter fan de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel en foarsitter fan de Kommisje Befoardering Frysk Taalgebrûk.

Fan 1946 ôf wie er lid fan de PvdA. Hy wie lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1966 oant 1978 (fraksjefoarsitter fan 1974-1979) en lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal fan 28 augustus 1979 oant 10 juny 1981. Yn de keamer wie er dwaande mei ûnderwiis. Fierders wie er warber foar de PvdA ôfdieling Smellingerlân.

Publikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • "De Rottefalle troch de ieuwen hinne" (doarpsskiednis, 1985)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: