Wite Tsjerkje (Gruttegast)
Wite Tsjerkje | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Gruttegast | |
adres | Rondweg 21 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18772 | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
It Wite Tsjerkje (Witte Kerkje) yn Gruttegast is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdich ien fan de tsjerkegebouwen fan de PKN-gemeente Gruttegast-Sebaldebuorren.
De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke, dy't boud waard yn de santjinde iuw. Yn 1829 waard de tsjerke hielendal ferboud en krige doe it hjoeddeiske oansjen. De sydmuorren en eftermuorre hawwe grutte rûnbôgefinsters. Yn de foargevel sitte trije rûne finsters. Op it wytpleistere tsjerkje stiet in 19e-iuwske dakruter, dêr't in klok fan 1983 yn hinget. De âldere klok út 1611 is skuord en kin net mear brûkt wurde.
Yn de jierren 2004-2005 waard de tsjerke restaurearre. Doe binne der nije banken yn set en krige de tsjerke in preekstoel út Appelskea.
De tsjerke wurdt brûkt foar lytsere gearkomsten, lykas fesper-, rou- en troutsjinsten.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|