Merkrjocht

Ut Wikipedy
Merkplein yn Trier

Merkrjocht wie sûnt de Midsiuwen it rjocht om in jier- of wykmerk te hâlden. It fergunnen fan merkrjocht wie foarbehâlden oan de hear, sûnder merkrjocht mocht in doarp of stêd dus gjin merk hâlde. It krijen fan merkrjocht is faak in teken dat in 'delsetting in bepaalde grutte berikt hie.

It hawwen fan merkrjocht wol noch net sizze dat it plak ek stedsrjochten hie. In plak mei stedsrjochten hie meastentiids ek merkrjocht, mar in plak koe earst merkrjocht krije en pas letter ek stedsrjochten. Sa'n plak wurdt faak flekke neamd.