De Pomp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kollumerpomp)
Kollumerpomp
Flagge fan Kollumerpomp Wapen fan Kollumerpomp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kollumerpomp
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2022) 453
Webstee Webstee De Pomp

De Pomp (Frysk en Pompstersk; Nederlânsk, Frysk en offisjeel: Kollumerpomp) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. De Pomp leit noardlik fan Augsbuert-Lytsewâld, noardeastlik fan Kollum, westlik fan Warfstermûne, súdeastlik fan Ingwierrum en besuden it Lauwersmar. Yn 2022 telde De Pomp sa’n 453 ynwenners. De doarpskearn leit oan de Foijingawei.

Sûnt 2019 leit De Pomp yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om 1315 hinne oanleine âlde dyk dy't yn 1529 in slieperdyk waard doe't om it Nijkrúslân in nije dyk oanlein waard. Dêrnei is der bebouwing kaam yn de buert fan de yn de 15e iuw oanleine dûker yn 'e dyk (de pomp). De Pomp hat hiel lang in buorskip west fan Kollum, mar hat tsjintwurdich de status fan doarp. De bebouwing ûntstie yn it begjin benammen oan de súdkant fan de dyk, mar nei de oarloch wreide it doarp him benammen oan de noardkant fan de dyk út.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn De Pomp wurdt in Nedersaksysk Grinslanner dialekt sprutsen dat in soad Fryske ynfloeden hat. It Pompstersk wurdt noch sprutsen troch in 200 minsken en wurdt sterk mei útstjerren bedrige.

Plaknamme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2021 waard de ynwenners fan it doarp foarlein om in kar te meitsjen tusken de twa Frysktalige plaknammen, de eardere De Pomp of de skriuwwize Kollumerpomp dy't sûnt de tweintichste iuw gebrûklik is. It doarp hat keazen foar de lêste. It slút dêrmei oan by de nammen Kollum en Kollumersweach.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs fan De Pomp hjit It Trefpunt, 'De Wegwijzer' is de kristlike skoalle fan it doarp. Boppe De Pomp leit it rekreaasjepark Kollumeroard.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden