Springe nei ynhâld

Grifformearde tsjerke (De Pomp)

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Kollumerlân
plak De Pomp
adres Foijingawei 54
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1906
offisjele webside
Protestanske gemeente De Pomp

De Grifformearde tsjerke oan de Foijingawei is it tsjerklik sintrum fan de PKN-gemeente yn De Pomp.

De tsjerke waard yn 1866 foar de kristlik-grifformearde gemeente yn Kollum boud . Yn 1904 gyng de kristlik-grifformearde gemeente fan Kollum tegearre mei de dolearjende gemeente fan it doarp, dy't yn 1887 in grutte houten needtsjerke mei sânhûndert sitplakken boud hie.[1]

Oant dy tiid moasten de Pompsters nei Kollum rinne foar de tsjinst, mar no't de kristlik-grifformearde tsjerke leech kaam te stean waard it gebou ôfbrutsen en wer opboud yn De Pomp. De Pomp bleau tsjerklik noch ûnder Kollum fallen, mar waard yn 1923 in selsstannige gemeente.

Yn 1924 folge de bou fan in pastorij njonken de tsjerke.[2]

It oargel fan de grifformearde tsjerke waard 1913 troch Bakker & Timmenga, mar kaam út de grifformearde tsjerke fan Wûns. It oargel waard yn 1976 yn gebrûk naam. It ynstrumint hat 9 registers ferdield oer ien manuaal en pedaal.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noordelijk Oostergo - Kollumerland en Nieuw Kruisland (1989), Herma M. van den Berg, side 112-113
  2. Doarpsside
  3. Orgelsite