Karmelkleaster

Ut Wikipedy
Karmelkleaster
bouwurk
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
Provinsje Fryslân
plak Drachten
adres Boargemaster Wuitewei 162
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1935
arsjitekt Arjen Witteveen
boustyl Delftse Skoalle
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 499261 [1]
offisjele webside
Side kleaster

It karmelkleaster wie in kleaster fan de susters Us Leaffrou fan de Berch Karmel yn Drachten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Karmelkleaster waard stifte yn 1935 troch de Karmelitessen, de saneamde oarder sûnder skuon. De regel grypt werom op in regel út 1226, mar waard yn 1564 herfoarme. Doel wie om troch gebed en boete te kommen ta ferienining mei God en de gebedsyntinsiteit fan de tsjerke te ferheegjen. De Karmelitessen fertsjinnen jild troch it bakken fan hosty's, trokotaazje en lingeryarbeid en jelmissen. Der binne inkele publikaasjes fan oer geastlik libben en keunstsinnich tekenwurk.

Oant 6 augustus 1993 wie de Karmel yn gebrûk as kleaster. It earste beskôgjende en Fryske kleaster is ûntwurpen troch arsjitekt Arjen Witteveen (1894-1952) nei Midsiuwsk foarbyld mei binnentún en ommuorre tún. De Karmel stiet op de list foar jonge monuminten.

It kleaster wurdt no brûkt as eksposysjeromte foar byldzjende keunst, foar konserten, lêzings en as troulokaasje.

Yn jannewaris 2021 waard bekend makke dat it kleaster ferkocht wurdt en ferboud wurde sil ta in lokaasje foar deminte minsken. Oant healwei it jier hâldt it kleaster syn âlde funksje. It oansjen fan it kleaster en de kleastergong sille net feroare wurde. [2]

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de midden fan de karreefoarm is in kleastertún. Fierders binne der ûnder oare:

  • Yn de fûgeltsjeskeamer namen froulju dy't yn it kleaster gienen ôfskied fan de famylje. De romte krige har namme troch de fûgeltsjes op de Makkumer tegeltsjes.
  • Yn de hostyseal is in bibleteek mei neislachwurken.
  • De refter sjocht út op de bûtentún.
  • stúdzjeseal.
  • De muzykkeamer, hjiryn koenen de susters eartiids nei muzyk harkje. It sjocht út op de ommuorre tún.
  • De kapel en de lytse salon wurde ek wol brûkt as troulokaasje.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster is boud rûchwei op it plak dêr't it hûs Bouburg fan 1738 oant 1826 stien hat.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Karmelietessen.
  • Verborgen Heiligheid, door een Moniale van de Karmel te Drachten (Utert, 1956)
  • Webstee fan it Karmelkleaster