Bartele Vries
Bartele Vries (Kollum, 6 maart 1942) is in Nederlânske politikus fan de Christelijk-Historische Unie (CHU) en letter it CDA.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn heit, Pieter Vries (1915 -1992), wie amtner op de sekretary yn syn berteplak Kollum en doe't dy gemeentesekretaris fan Barradiel waard ferhuze de húshâlding nei Seisbierrum. Omdat syn heit yn 1957 boargemaster fan Goudswaard, Piershil en Nieuw-Beijerland waard, makke er de hbs dy't er yn Ljouwert begûn wie yn Oud-Beijerland dien. Dêrnei gie er nei Rotterdam om dêr ekonomy en bestjoerswittenskippen oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle (no Erasmus Universiteit Rotterdam) te studearjen. Nei it ferfoljen fan syn militêre tsjinstplicht begûn Vries syn karriêre by it provinsjaal bestjoer yn Seelân dêr't er ûnder mear wurksum wie as haad fan it subbureau ekonomyske saken. Yn dy perioade wie er dêrneist yn Middelburg aktyf yn de CHU dy't letter opgean soe yn it CDA.
Yn desimber 1978 gie er werom nei Fryslân om boargemaster fan Warkum te wurden. Dêrneist wie er fan septimber 1981 ôf waarnimmend boargemaster fan Drylts. By de Fryske weryndieling fan 1984 gie Warkum op yn de nije gemeente Nijefurd en waard er boargemaster fan It Bilt. Yn april 1989 folge syn beneaming ta boargemaster fan Dantumadiel en yn 1995 ferliet er Fryslân om yn Nijkerk boargemaster te wurden wat er oant syn pensjonearring yn maart 2007 bliuwe soe. Dêrmei kaam syn boargemasterskarriêre noch net te'n ein om't er yn febrewaris 2010 waarnimmend boargemaster fan Baarn waard dêr't boargemaster Jan de Groot om reden fan sûnensproblemen syn funksje net goed útoefenje koe. Mark Röell waard op 31 maart 2011 de boargemaster fan Baarn.