Springe nei ynhâld

Nij-Beierlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nieuw-Beijerland)
Nij-Beierlân
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Hoekske Waard
Sifers
Ynwennertal 3.990 (2019)
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51°49″ N 4°21′ E

Nij-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Nieuw-Beijerland) is in doarp en eardere gemeente yn it westlike part fan de Hoekske Waard yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Yn 2019 hie it doarp likernôch 3993 ynwenners. Nij-Beierlân leit oan de tijrivier de Spui. It wetter yn de omkriten fan Nij-Beierlân is noch hieltyd ûnder ynfloed fan tijen.

Nij-Beierlân wie foar 1984 in selsstannige gemeente doe't it mei de doarpen Goudswaard, Piershil, Súd-Beierlân en it eilân Tiengemeten de gemeente Korendijk foarme. Dy gemeente waard by in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2019 part fan de nije gemeente Hoekske Waard.

Der is in fearferbining mei Hekelingen, dat de fluchste manier is om yn Spijkenisse te kommen.

De pleatslike fuotbalferiening is NBSVV en waard oprjochte yn 1949. Nij-Beierlân hat twa basisskoallen: Iepenbiere skoalle Onder de Wieken en de kristlike skoalle School met de Bijbel.

De mûne De Swaen, dy't yn 1703 boud waard, wie in twangmûne. Eltsenien wie ferplichte harren nôt dêr mealle te litten. De mûne is mei de Herfoarme Tsjerke in ryksmonumint.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]